Der komme wer ferkiezings oan. Op 20 maart 2019 meie wy stimme foar de Provinsjale Steaten. Ik bin ferkiesber. Ik bin der grutsk op dat ik foar it CDA op plak 6 stean mei. Minsken sprekke my der wolris op oan. “Hoe kinst it mei alles iens wêze wêr’t it CDA yn mei giet?” Ik kin jim út dy dream helje. Ik bin it net ALTYD mei alles iens. Binnen de partij wurdt der echt net oer alles itselfde tocht. Stânpunten wurde ynnommen, mar binne ek wolris in kompromis. Dát wat de mearderheid fynt, wurdt beslúten. Sa wurket it by dizze demokratyske partij. En at je yn in koalysje sitte (mei oare partijen gearwurkje) wurdt der noch faker in kompromis sletten. Wêrom fiel ik my dan dochs thús by it CDA? Omdat it CDA útgiet fan fêste wearden. Dan giet it om minsken, minsklik gelok, weardichheid, feiligens, mar ek om soarch foar elkoar, respekt foar elkoar en mienskipssin. Net ien libbet foar himsels, dat sprekt my oan by it CDA. De Provinsjale Steaten nimme foaral beslúten oer dyn omjouwing. As melkfeehâlder wit ik hoe belangryk minsken harren eigen omjouwing fine. De earste fraach is eins altyd ‘at wy de kij wol bûten ha’, minsken fine dat moai. De romte fan Fryslân giet oer mienskip, foar elkoar. Us wenplak, it bûtengebiet, in sirkulêre ekonomy, berikberens, kulturele eveneminten, it wurket en libbet allinnich at minsken har ynsette. As in mienskip. Dêr past in oerheid by, dy’t minsken ferantwurdlikheid jout en stimulearret, mar ek dúdlik en betrouber is. Ik sis gjin gouden bergen ta, mar wol my sa ynsette foar de mienskip fan Fryslân. Goed foar elkoar. Ik bin Attje Meekma en ik bin ferkiesber foar de Provinsjale Steaten op 20 maart 2019 – CDA nûmer 6