Wij ondersteunen dit initiatief van FNP Waadhoeke van harte!
FNP Waadhoeke wol maatwurk foar eveneminten! đ Doarps- en wyk eveneminten stean Ă»nder druk troch gemeentefĂșzje en nije regels. Optochten mei fersierde weinen stean faai en de organisaasje fan keatspartijen en de merke wurde op guon plakken dreech makke. De FNP yn Waadhoeke wol dĂ©rom maatwurk by de fergunningferliening en in evaluaasje fan it eveneminten belied. Derom komt de partij oankommende tongersdei mei in breed stipe moasje yn de gemeenteried.đ Keatsferiening Okk Beetgum moast fan Waadhoeke ynienen oeral stekken delsette. Eveneminten yn Marsum wurde hast net mear helber fanwege de kosten fan parkearwachten en befeiligers. Yn Sint Annaparochie giet it Sinteklazefeest yn doarpshĂ»s MFC Ons Huis bygelyks net mear troch omdat der foar it bĂȘrnefeest befeiligers foar de doar stean moatte. De kosten hjirfoar binne net op te bringen. Yn Berltsum is Oranje Nationaal, de organisaasje fan it doarpsfeest kapitalen kwyt oan easken om de fergunning foar de optocht rĂ»n te krijen. Al dizze saken meitsje in soad los. De organiaasje wurd dyn troch frijwilligers dyât no de aardichheid kwyt reitsje. Dit binne no krekt de eveneminten dyât bydrage oan de leefberens. Al dizze saken binne oan it ljocht kaam troch it meldpunt fan FNP FryslĂąn. Ferskate oare partijen hawwe al oanjĂ»n Ă©fter de moasje te stean. Tige! VVD Waadhoeke, SAM Waadhoeke, Gemeentebelangen en ChristenUnie Waadhoeke.â Wy roppe it kolleezje op om: 1. In brede evaluaasje mei de organisaasjes dyât eveneminten yn Waadhoeke organisearje op te setten oangeande it evenemintenbelied yn Waadhoeke. 2. Dit foar it merkeseizoen (maaie 2019) Ășt te fieren. 3. Nei evaluaasje te sjen wĂȘr ât maatwurk mooglik is en sa mooglik rigels nei aard, skaal en karakter fan it evenemint yn it doarp of wyk ta te passen. Foto(C) berlikum.com