Sneontemoarn 3 febrewaris hienen wy as CDA-ers it foarrjocht om by Bakkerij van Eck yn Damwâld achter de “skermen” te sjen! En fansels, it rûken en priuwen heart der ek by! It famyljebedriuw hat in skiednis fan mear as hûndert jier oan’e Foarwei. Anneke van Eck hat ùs, nei in rûnlieding troch de bakkerij en winkel, bypraet oer it “reilen en zeilen” yn it bedriuw. Se runt de bakkerij mei har man Piet Feenstra. Sûnt koarten ha se ek in winkel oan’e Lytse Oosterstrjitte yn Ljouwert en dan moat der hiel wat wurk ferset wurde troch de bakkers. Der wurd neist de ferkeap yn’e winkel ek noch oan Soarch-ynstellings en supermerken levere, dus dan moat moarns om sawn oere it sùteljen begjinne! Ien fan’e bakkers, Femme Haakma, wie oanwèzich. Hy liet ùs it hiele (bak)proces sjen. Om te kommen ta in ambachtelik produkt, sa as bôle, brea, gebak en oare luxe produkten moat d’r hiel wat gebeure. De kofje mei gebak brocht ùs nei de hùskeamer en dan komt fansels” âlles op tafel”. Dat is tagelyk ek it doel fan ùs besites; wat “leeft” der by it bedriuw of de ferieniging! Dan giet it oer: - de relaasje mei de gemeente Dantumadiel- kin it bedriuw noch foarùt op de besteande lokaasje- hoe komt it mei de ynrjochting fan it Mounetille-terrein- wat kin wy dwaan om nog mear fakminsken op te liedenen net ûnbelangryk, moatte wy ùs frije snein ek noch opjaan? By Bakkerij van Eck bin se noch bliid mei harren “rèstdei”! Al mei al in prachtbedriuw! Mei tank oan Anneke en personiel!