Nieuws van politieke partijen in Súdwest-Fryslân over CDA inzichtelijk

4 documenten

27 november Ledenvergadering

CDA CDA Súdwest-Fryslân 09-11-2023 19:53

Inloop 19.30 uur, de vergadering begint om 20.00 uur Locatie m.f.c. De Utherne De Dassenboarch 25 8651 CB IJlst Opening door voorzitter Hans Hettinga (inclusief terugblik TK-verkiezingen) Vaststellen agenda Mededelingen Ingekomen en verstuurde stukken Te gast: Theo Andreae, directeur Doarpswurk Korte pauze Vaststellen notulen ALV 12 april en 9 september 2023 (zie elders in dit blad) Uit de fractie (toelichting door fractievoorzitter Uilkje Attema) Uit het college (toelichting door de CDA-wethouders: Bauke Dam en/of Petra vd Akker) Financiën (begroting 2024) Permanente campagne Afscheid Marten Hoekstra als voorzitter van de campagnecommissie Rondvraag Afsluiting

CDA stimt yn mei in Lidl yn Boalsert.

CDA CDA Súdwest-Fryslân 06-08-2020 08:00

Op 1 july stie it útstel op ‘e aginda foar it ynstimmen foar in Lidl op de Sneekerstraat te Boalsert. Wurdfierder Bauke Dam fan de CDA-fraksje: “Der binne in soad soarchen fanút de omwenden oer ûnder oare tanimmende drokte fan it ferkear en it parkearen. Wy begrype dizze soarch. Derom ha we der yn de kommisjegearkomste ek oandacht foar frege by de wethâlder om dit nochris mei te nimmen yn de gebietsfyzje. De útkomst hjir fan wurd mei naam yn de omjouwingsfergunning foar de nije Lidl.

Stoarm yn ús soarch

CDA CDA Súdwest-Fryslân 23-11-2013 10:27

It gie need op 28 oktober. De stoarm raasde oer ús lân. Wynkrêft 11, 12 soarge foar it soad skea. We hawwe it sjen kinnen op de foarside fan Op ‘e Skille. By de ien fleach it hinnehok de sleat yn, bij de oar de side út it hûs. Guon pleatsen hawwe flinke klappen krigen. Ik siet op it kantoar yn Ljouwert. Myn frou hold my mei filmkes op ‘e hichte hoe it der bij ús om it hûs om wei gie. Se miste it momint dat ús wynsket de loft yn gie. De nije peallen knapten ôf as lúsjefershoutsjes. In stik fan de dakrâne gie mei. Ik hoopje dat de measten fan ús goed fersekere binne. Tsjinoer de preemje dy’t jo betelle ha, stiet in dizze sitewaasjes de útkearing foar de skea. Mei namme by in ûnderlinge fersekeringsmaatskippij sparje we mei elkoar foar de inkeling dy’t skea hat. Solidariteit neame we dat. Meielkoar noed stean foar elkoar. Brekpunt yn de foarsjennings? It basispakket foar de soarch wurdt om redenen fan besunigjen hieltyd fierder útklaaid. Wolle minsken goed genôch fersekere wêze, dan moatte se harren oanfoljend fersekerje. Op dat punt liket it dien mei de solidariteit. Dejinge dy’t de grutste kâns hat op ekstra kosten moat ek de heechste preemje betelje. De minder sûnen en de âlderein moatte straks de rekken betelje. In brekpunt yn ús sosjale foarsjennings. Ynienen is it foarby mei de solidariteit, it noed stean foar de swakkere yn de maatskippij. Ik meitsje my der soargen oer. Yn it sjoernaal wurd it noch goed praat, troch te sizzen “Wa’t it measte brûkt, moat ek it measte betelje”. Mar as dat measte gebrûk no komt troch in libben lang wrotten yn in te swiere baan, troch in ûngemak of in medyske flater? Ik meitsje my soargen oer wêr’t dizze omslach ta laat. Soarch nei de gemeente Bij de oergong fan de ferantwurdlikens foar de earste soarch nei de gemeente is der ek sprake fan sa’n omslach. Net mear rjocht op soarch, mar “wy sille sjen wat jo yn jo sitewaasje nedich hawwe”. We prate net mear as earste oer it helpen fan minsken. Nee, we prate oer netwurken. Minsken moatte sels soargje foar in groep minsken om harren hinne wêrop se werom falle kinne as it minder giet. In opjefte dy’t net elkenien foarelkoar krije sil. Gjin fraach, gjin help? Hoe pakke wy dat oan? Wij sille der meielkoar mei om gean moatte. Lit ús yn ús gemeente sjen litte dat by ús mienskip betsjut: omtinken en noed stean foar. Meitsje it doarp ta it netwurk om de minsken. Tink mei ús mei hoe wy dat foar elkoar krije. Miskien wurdt it tiid foar soarchkoöperaasjes yn Littenseradiel. Gosse Hiemstra, fraksjefoarsitter CDA

Werom yn de tiid

CDA CDA Súdwest-Fryslân 21-01-2013 19:57

Fyftich jier lyn wennen wy op fjouwerhûs yn Allingawier. Twa pleatsen en in arbeiderswente bûtenút. Wij giene nei de legere skoalle yn Eksmoarre. Fjouwer kear deis mear as 2 kilometer rinnende wei nei skoalle. Op it skoalleplein waarden spultsjes dien. Sa ek knikkerje. Meidwaan betsjutte earst ús eigen knikkers fertsjinje. Spikers sykje op ‘e reed fan it doarp nei de pleats. As wy in pûde fol hienen ferkochten we dy oan Eusie. Foar in dûbeltsje. Eusie kaam sa no en dan lâns op syn bakfyts. Hy wie de foddeboer dêr’t jo je âld izer oan kwyt koenen. Mei dat dûbeltsje nei winkelman Lomme Bosma foar in hânfol kleiknikkers. Wat wie op elkoar passe eartiids? Age wie ús arbeider. Hy kaam yn de hjerst om de pleats te heakkeljen. Ein novimber hie der de put meastentiids der út. Us mem woe net dat de âld man mei Sinteklaas allinnich thús siet, dus hy wie der sinteklaasjûn ek by. It wie doe noch in jûne datst bliid wiest mei in pear nije sokken as wanten. Sa krige Age ek de nedige praktyske saken. Bygelyks makke ús mem in pop fan in ôfwaskkwaste, wat panlappen en in reade bûsdoek. Yn it arbeidershûs wenne de famylje Van der Velde. Mei Jappie en Siesie boarten wy faak. Doe’t boarfrou slim siik nei it sikehûs moast, hawwe de jonges in skoft it iten by ús opdien. Sûnt dy tiid is der in soart feroare. It ynkommen gie omheech. Mei Sinteklaas waard der hieltyd grutter útpakt. It libben waard ek drokker. De soarch foar de minsken dy’t it minder troffen hienen waard mear en mear oerlitten oan de oerheid en oare ynstellings. It koste it nedige, mar dat hienen we der mei-elkoar bêst foar oer. Dat liket no oars te wurden It regear en parlemint fine dat we wer mear op de minsken om ús hinne passe moatte. De WMO mei syn stipepunten wie it begjin. No’t it jild krapper wurdt, wurde noch gruttere stappen set. Foarbylden binne de help oan hûs dy’t werom brocht wurdt nei it strikt needsaaklike en it trochbringen fan de lêste libbensjierren yn it fersoargingstehûs dat allinnich noch weilein is foar de allerswaksten. Werom yn de tiid, kin je sizze. Mar dat is foar in grut part fan ús net wier. It is in nije tiid. Jo sjogge it yn it ûnderwiis wêr’t mei maatskiplike staazjes de jongerein de earste erfaringen opdogge mei it helpen fan in oar. We sille it mei-inoar wer op pakke moatte. Tagelyk moatte wy ús soargen meitsje Minder bewenners kin sluting betsjutte. De huzen foarmje ien fan de kearnen fan de âldereinsoarch yn de gemeente. In kearn dy’t wy net misse kinne. Yn de hjoeddeistige plannen wurdt de soarch foar de âlderen dellein by de gemeente. Dat jout kolleezje en rie de kâns mei te tinken op hokker wize it plak fan de fersoargingshuzen behâlden wurde kin. Miskien is it nije húsdokters-sikehûs ien fan de kânsen. Hjir leit in pracht útdaging foar fersoargingshuzen en gemeente. Nijsgjirrich hoe’t ús arbeider doe wenne? Gean dan nei Age’s húske yn Allingawier en Eusie fine jo yn it Jopie Huisman museum yn Warkum.

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.