Wij ondersteunen dit initiatief van FNP Waadhoeke van harte!
FNP WaadhoekeFNP Waadhoeke wol maatwurk foar eveneminten! 👍
Doarps- en wyk eveneminten stean ûnder druk troch gemeentefúzje en nije regels. Optochten mei fersierde weinen stean faai en de organisaasje fan keatspartijen en de merke wurde op guon plakken dreech makke. De FNP yn Waadhoeke wol dérom maatwurk by de fergunningferliening en in evaluaasje fan it eveneminten belied. Derom komt de partij oankommende tongersdei mei in breed stipe moasje yn de gemeenteried.👇
Keatsferiening Okk Beetgum moast fan Waadhoeke ynienen oeral stekken delsette. Eveneminten yn Marsum wurde hast net mear helber fanwege de kosten fan parkearwachten en befeiligers. Yn Sint Annaparochie giet it Sinteklazefeest yn doarpshûs MFC Ons Huis bygelyks net mear troch omdat der foar it bêrnefeest befeiligers foar de doar stean moatte. De kosten hjirfoar binne net op te bringen. Yn Berltsum is Oranje Nationaal, de organisaasje fan it doarpsfeest kapitalen kwyt oan easken om de fergunning foar de optocht rûn te krijen.
Al dizze saken meitsje in soad los. De organiaasje wurd dyn troch frijwilligers dy’t no de aardichheid kwyt reitsje. Dit binne no krekt de eveneminten dy’t bydrage oan de leefberens. Al dizze saken binne oan it ljocht kaam troch it meldpunt fan FNP Fryslân.
Ferskate oare partijen hawwe al oanjûn éfter de moasje te stean.
Tige! VVD Waadhoeke, SAM Waadhoeke, Gemeentebelangen en ChristenUnie Waadhoeke.✅
Wy roppe it kolleezje op om:
1. In brede evaluaasje mei de organisaasjes dy’t eveneminten yn Waadhoeke organisearje op te setten oangeande it evenemintenbelied yn Waadhoeke.
2. Dit foar it merkeseizoen (maaie 2019) út te fieren.
3. Nei evaluaasje te sjen wêr ‘t maatwurk mooglik is en sa mooglik rigels nei aard, skaal en karakter fan it evenemint yn it doarp of wyk ta te passen.
Foto(C) berlikum.com