Het initiatiefvoorstel “Nieuwe Democratie”, dat de ChristenUnie naar landelijk voorbeeld tezamen met de PvdA-Dongeradeel heeft ingediend, is in de raadscommissie Omkriten van 16 maart 2017 unaniem door raadscommissie en college met veel instemming ontvangen. Het initiatiefvoorstel is als Hamerpunt geagendeerd voor de raadsvergadering van 30 maart. Enkele citaten (Frysk) uit onze toelichting op het Initiatiefvoorstel:“It mienskiplike útstel fan ChristenUnie en PvdA oer in saneamde nije demokrasy foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân hat al in wat langere foarskiednis. Op 23 augustus 2016 hawwe de fraksjefoarsitters fan ChristenUnie en PvdA yn de Twadde Keamer in inisjatyfnota yntsjinne. Dêryn waard de stipe fan de oerheid útsprutsen foar lokale inisjativen op it mêd fan in duorsume en soarchsume mienskip. Dat wie foar de lokale ChristenUnie en PvdA yn Dongeradeel de oanlieding om dit inisjatyfútstel yn te tsjinjen. Burgerpartisipaasje is in kompleks en dynamysk barren, dat him lokaal oeral op ferskate wize uterje kin. Burgers wolle wol wat foar de mienskip dwaan, mar dan graach yn de foarm fan konkrete askjes en lokale projekten. Mar as de oerheid yn byld komt foar finansjele stipe, dan sil der earst wol belied wêze moatte om presedintwurking foar te kommen. Noch in pear kanttekenings:

Burgerpartisipaasje stiet al wat langer op de wurklist fan in tal gemeentes, sawol bûten as yn Fryslân. Hjir giet it om in fisyútstel as tinkrjochting foar de rieden fan no noch de DFK-gemeenten. Dat net alle boargerinisjativen oeral ta in posityf risseltaat liede, lit it inisjatyf yn de gemeente Harns sjen. Troch te min oanmeldings giet it opstellen fan in Burgerbegrutting net troch. Fan de benedigde 60 Harnzers hiene har mar 14 burgers melden. It wie net konkreet genôch, ek in punt fan omtinken foar de nije demokrasy yn de nije fusygemeente. It moat wol gean oer projekten foar eigen doarp, buert of wyk, de eigen mienskip dus. En dat is bgls. it gefal by de DOM-projekten (DOM = Dorps Ontwikkelings Maatschappij), it Nije Doarp (Moarre-Ljussens) en de Dwaande-projekten yn Noardeast-Fryslân. Yn maart is mei stipe fan de gemeente Achtkarspelen it generaasjehûs fan doarpskoöperaasje Gerkeskleaster-Stroobos útein set. It doel fan dit generaasjehûs, dat op in sintraal plak yn in âld skoallegebou yn it doarp komt, is dat it in ferbinings- en moetingsplak wurdt tusken jong en âld. De nije ried fan Noardeast-Fryslân sil yn 2019 oer de foarmjouwing definityf beslute moatte. Uteinlik moat it fan ûnderop út de mienskip sels komme, mar dan moatte burgers, doarpsbelangen, wykrieden, ûndernimmers en oare maatskiplike partijen wol witte wat har mooglikheden binne. En dat betsjut goed belied mei goeie kommunikaasje.”