Nieuws van politieke partijen over PvdA inzichtelijk

2 documenten

GJIN SÂNWINNING BY IT ISELMAR. PvdA ...

Partij van de Arbeid (P.v.d.A.)/GROENLINKS Partij van de Arbeid (P.v.d.A.)/GROENLINKS GroenLinks PvdA Son en Breugel 24-12-2018 09:47

GJIN SÂNWINNING BY IT ISELMAR. PvdA IS TSJIN! PvdA en GroenLinks De Fryske Marren wolle sânwinning Iselmar op riedsaginda De Fryske Marren. Politike partijen GrienLinks en de PvdA yn De Fryske Marren wolle it ûnderwerp sânwinning yn de Iselmar op de riedsaginda fan jannewaris sette litte. Beide partijen hawwe oare fraksjes frege om harren fersyk te stypjen. Moandei sille se harren fersyk yntsjinje by de agindakommisje. Minister Cora van Nieuwenhuizen makke ôfrûne wykein bekend dat sy gjin inkel beswier sjocht yn it plan foar it winnen fan sân sa'n fiif kilometer út de kust fan Gaasterlân. De sânwinning sil sa'n tritich jier duorje. It is no oan de gemeenteried om in beslút te nimmen. Fûle tsjinstanners Sawol GrienLinks as de PvdA binne fûl tsjin it plan foar sânwinning yn de Iselmar. "Na gesprekken met diverse omwonenden hebben wij te horen gekregen dat zij het liefst zo snel mogelijk horen dat het plan niet doorgaat", seit Wietze de Haan fan de PvdA. Ek Anne Merkuur fan GrienLinks sjocht neat yn it plan. "Wij zouden dit plan liever gisteren dan vandaag naar de prullenbak verwijzen." Tekst skreaun troch: https://www.omropfryslan.nl/nijs/856575-grienlinks-en-pvda-wolle-sanwinning-iselmar-op-riedsaginda-de-fryske-marren

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.