Nieuws van politieke partijen in Heerenveen over PvdA inzichtelijk

3 documenten

Rûnom Fedde

PvdA PvdA Heerenveen 16-08-2020 07:25

Ôfrûne sneon, 15 augustus, wie der in betinking by it byld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean, organisearre troch de Jongfryske Mienskip: “Rûnom Fedde”. Tal fan sprekkers hawwe stilstien by Fedde Schurer, dichter en strider foar de Fryske taal, en âld-haadredakteur fan de Friese Koerier.

Sa gie Peter Boomsma, skriuwer fan it boek Kneppelfreed, foaral yn op de skiednis. De lêste wurden fan syn ferhaal wienen : It bêste fers dat Fedde Schurer skreaun hat, is syn libben.

Dêrnei kam Willem Schootstra oan it wurd. Dy seach foaral nei de takomst fan it plak fan it hjoeddeiske Frysk. Der kin neffens him noch wol in skepke by!

Fierder waarden der gedichten foardroegen troch Betty van der Ven (PvdA-riedslid), Chris van Hes en Sander Hoekstra. Alles waard oan inoar praat troch Sijbe Knol, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip.

Der wienen in protte minsken by dizze betinking.

https://heerenveen.pvda.nl/nieuws/runom-fedde/     https://heerenveen.pvda.nl/nieuws/runom-fedde/   https://heerenveen.pvda.nl/nieuws/runom-fedde/ foto Max van Gelder

Het bericht Rûnom Fedde verscheen eerst op PvdA Heerenveen.

Debat Jubbega! De PvdA was het ...

PvdA PvdA Heerenveen 07-03-2018 12:47

Debat Jubbega! De PvdA was het meest duidelijk. “It fytspaad komt der net at de ozb nei beneden giet, sa as guon partijen wolle. It giet wol better yn It Hearrenfean, mar it jild klotst noch net tsjin de plinten.” Jelle Zoetendal

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.