Nieuws van politieke partijen in Friesland inzichtelijk

10 documenten

It ferhaal fan Anita Andriesen út 2006

PvdA PvdA Friesland 12-07-2020 08:03

Bêste lezer,

Anita Andriesen hat as polityk gesicht fan de Fryske Partij van de Arbeid  (‘Anita foar Fryslân’) in breed draachflak ûntwikkele foar har ‘Dream foar Fryslân’. In dream dy’t har fyzje foar Fryslân op wei nei 2030 oanjoech.  Sy ynspirearre dêrmei in soad minsken en bûn ek minsken oan har.

Doe’t Anita’s yn desimber 2008 ferstoarn wie, seagen wy it as ús opdracht mei in jierlikse lêzing Anita har tinken en ynspiraasje fierder ynhâld te jaan.

Ek foar dit jier hiene wy in moaie sprekker dy’t prima paste yn in tinken fan Anita. We hawwe it fan alle kanten besjoen, mar de kans dat it fanwegen de korona-krisis ôfsein wurde moat, dat wy mei tefolle minsken op elkoar sitte soene, hat ús derta brocht om de Anita –lêzing foar it jier 2020 net trochgean te litten. Wy hoopje dat it takom jier wer kin.

Om it net ûngemurken foarby gean te litten, stjoere wy jimme it ferhaal fan Anita út 2006 ta.

Om yn it ûnthâld te bringen: de lêzings wiene: 2009 Hans Konst   – oer De Takomst fan it Plattelân 2010 Jetta Klijnsma – oer Samen Sociaal en Solidair 2011 Rudy Rabbinge – oer De wereldpositie van de Friese Landbouw 2013 Lutz Jacobi en Tjerk Voigt – oer de Wadden 2014 Monika Sie Dhian Ho, direkteur WBS – oer Piketty en het Van Waarde project. 2015 Ton Heerts, foarsitter FNV –  oer Bezuinigen ter versterking van de export? 2016 Mariët Hamer, foarsitter SER – oer Een Fatsoenlijk bestaan. 2017 in sprekker dy’t net opdaagjen kaam. 2018 Jan Douwe van der Ploeg  – oer De kwaliteit fan de lânbou 2019 Theunis Piersma  – oer De kwaliteit fan de natoer.

It bestjoer fan de Stichting Anita foar Fryslân, Fimke Hijlkema, foarsitter Bertus Mulder, skriuwer Hans Konst, ponghâlder Joop van den Berg, bestjoerslid

 

 

Het bericht It ferhaal fan Anita Andriesen út 2006 verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Anita Andriesen Lezing 2019: ‘De kwaliteit fan de natoer’ door Theunis Piersma

PvdA PvdA Friesland 27-08-2019 08:07

Anita Andriesen ontwikkelde als politiek gezicht van de Friese Partij van de Arbeid een breed draagvlak met haar ‘Dream foar Fryslân’. Een droom die haar visie voor Fryslân op weg naar 2030 aangaf. Ze inspireerde daarmee veel mensen en verbond ook mensen aan haar.

Na Anita’s overlijden zagen we het als onze opdracht een Stichting op te richten om met een jaarlijkse lezing Anita’s inspiratie voort te zetten en uit te diepen. Het doet ons veel plezier dat Theunis Piersma dit jaar de lezing zal houden, met als onderwerp: De kwaliteit fan de natoer.

Theunis Piersma Ploeg is fan 15 juny 1958, berne te Himmelum. Hy promovearre yn 1994 oan de Ryksuniversiteit yn Grins op de kanoet. Hy is biolooch, sûnt 2003 heechlearaar dierekology en sûnt 2012 heechlearaar trekfûgelekology yn Grins. Hy hat spesjale oandacht foar greidefûgels en it Waad, en omt hy oandacht freget at syn studsjeobjekten nei de bliksem gean, wurdt hy ek natuurbeskermer neamt. Ûnder syn lieding waard ûndersyk dien nei de betsjutting fan reade wjirmen foar de kwaliteit fan it gerslân.

Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him ‘Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis’. Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe’t se libje en wêr’t se bliuwe. Piersma ferstiet de keunst om syn wittenskiplik ynsjoch oer te bringen oan in breed publyk sûnder de kwaliteit te koart te dwaan. Syn boek Sweltsjes fan Gaast is it earste boek yn syn memmetaal. No’t mear as 95% fan de sweltsjes út ús lân ferdwûn binne, en sels de minister fan lânbou ta wol op in ‘circulaire landbouw’ om dêr wat oan te dwaan, is der mear oandacht foar de kwaliteit fan de natoer. Hjiroer sil de lêzing gean.

Datum: Vrijdag 6 september 2019 Plaats: Restaurant De Zwarte Haan, Nieuwe Bildtdijk 428, 9079 PG Sint Jacobiparochie Tijd: 19.30 uur bij het Anita Andriesen gedenkteken op de Zeedijk; 20.00 uur de lezing in het restaurant. Het restaurant is vanaf 17.00 open.

De Stichting Anita foar Fryslân,

Fimke Hijlkema, foarsitter Bertus Mulder, skriuwer Hans Konst, ponghâlder Joop van den Berg, lid

Wij hebben als stichting in de afgelopen jaren de lezing kunnen verzorgen omdat we een aantal trouwe donateurs hebben en hadden, maar het potje dreigt wat krap te worden. Daarom vragen we jullie om ons (liefst jaarlijks) te steunen, en om een donatie over te maken op ons rekeningnummer: NL15 RABO 0146 4379 69 t.n.v Anita foar Fryslân, Joure.

Het bericht Anita Andriesen Lezing 2019: ‘De kwaliteit fan de natoer’ door Theunis Piersma verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Energieneutraal provinciehuis: ‘Net útgean fan ego, mar eco’

PvdA PvdA Friesland 27-05-2019 08:59

De PvdA vindt het een goede zaak dat de provincie Fryslân als organisatie energieneutraal wil worden. “Lit mar sjen dat we echt feroaring wolle”, zei woordvoerder Marijke Roskam in haar eerste toespraak in de Statenzaal. Ze riep het provinciebestuur wel op tempo te maken en het belang van besparing te benadrukken. “At we yn 2025 al enerzjyneutraal wêze wolle, kinne je mar better as de bliksem soargje dat je ferbrûk minder wurdt. It gedrach en de kultuer yn de organisaasje binne tige wichtich om de meter echt nei ûnder te krijen.”

Pionieren

De provincie heeft een voorbeeldfunctie op het gebied van duurzaamheid vindt de PvdA. “Wy moatte net útgean wolle fan ego, mar eco”, zei Roskam die vindt dat de provincie een pionierende overheid moet zijn. Tijdens het debat reageerde ze scherp op de ambtelijke conclusie dat er geen ruimte genoeg is voor zonnepanelen op het provinciehuis. “Der moat kreativer en ynnovativer neitocht wurde oer de tapassing fan sinne-enerzjy, bygelyks sinnesellen yn de ruten.”

‘Oaren helpe’

Het goede voorbeeld geven gaat volgens de PvdA verder dan zelf energieneutraal worden. Het gaat volgens Roskam ook over het denken in mogelijkheden en ondersteunen van lokale duurzame initiatieven. “Wy fine it wichtich dat we as provinsje Fryslân sjen litte dat we oaren helpe wolle yn it setten fan griene stappen. Tal fan organisaasjes, enerzjykoöperaasjes, mar ek gesinnen yn Fryslân wolle stappen sette om duorsume enerzjy op te wekken.”

Het bericht Energieneutraal provinciehuis: ‘Net útgean fan ego, mar eco’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stânbyld”

PvdA PvdA Friesland 15-03-2019 15:05

OMROP FRYSLÂN – Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Hjoed is Marijke Roskam, listlûker fan PvdA, oan bar.

Namme: Marijke Roskam Leeftiid: 36 Wenplak: Koarnwert Berop: deifoarsitter en kommunikaasje-adviseur Hobby: boartsje mei myn soan Partij: PvdA Besjoch it partijprogramma fan de PvdA

Marijke, sizze wy do of jo?

“Do.”

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

“Om’t ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân. De boarger dy’t it ferskil meitsje wol foar har of syn doarp of wyk, dy moat de romte krije fan de provinsje.”

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

“Alle frijwilligers dy’t harren ynsette foar in bettere wrâld. Sy fertsjinje in stânbyld.”

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

“Dan nimme we ferantwurdlikhyd foar grutte opjeftes, yn stee fan foarút skowe. En, we pakke mear soargen oan fan minsken. Genôch wenten foar jong en âld, minsken mei in krappe beurs dy’t ek meidwaan kinne mei enerzjybesparjende maatregels.”

Ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân.

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

“Sjoch ris om dy hinne. Litst ús natuer, taal en mienskip oer oan in noardlik lânsdiel? De gemeenten ha it al smoardrok mei grutte taken, hielendal nei alle weryndielings en mei de ferantwurdlikheid foar it sosjaal domein. Foar in fyzje op hiel Fryslân moatte minsken de tiid ha, dat dogge je der net even by.”

Wurdt dyn partij en/of de kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen? Sa ja, hokker?

“Nee.”

Telefyzjeprogramma’s lykas ‘Zondag met Lubach’ en ‘De wereld draait door’ geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

“We binne Friezen, hè. Nochter. Dat kin ús neat skele. Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.”

Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

“Nei twa gleskes wyn kom ik de trep al net mear op. Op neisitsjes fan kongressen of gearkomsten sit ik dêrom altyd oan it wetter. Ik bin in goedkeapen ien, haha.”

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

“Farske skieppetsiis op bôle fan de waarme bakker. Bytsje sâlt derop, hearlik. By ús pake en beppe in traktaasje en no helje ik it ien kear yn it jier en sjoch ik even nei boppe.”

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

“Omdat ik gjin politikus bin mei in dûbelde aginda en plannen foar myn eigen karriêre. Ik doch dit om’t Fryslân djip yn myn hert sit en ik it bêste wol foar de Friezen. In sosjaal, betelber, kreatyf en duorsum Fryslân. Net stinne, mar stimme!”

Het bericht Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stânbyld” verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’

PvdA PvdA Friesland 20-12-2018 11:03

De PvdA is blij met het feit dat de provincie op het Burgumer Mar een passende plek heeft gevonden voor een proef met snelvaren. Statenlid Roel de Jong deed daarvoor in april dit jaar, samen met de FNP, een oproep. “Wy ha it kolleezje frege yn Noardeast Fryslân in gaadlike lokaasje te sykjen dy’t ynrjochte wurde kin as hurdfarplak.” De komende twee jaar is op het meer snelvaren toegestaan van 15 juni tot 15 september tussen tien uur ‘s ochtends en zes uur ‘s avonds. Ook wordt onderzoek gedaan naar de effecten van het snelvaren.

Geluidsoverlast

De Jong is „goed te sprekken” over de proef, maar verwacht wel dat de provincie de resultaten meeneemt in de brede watersportvisie die het de komende jaren opstelt. Verder wil de PvdA dat de provincie geluidsoverlast op de juiste manier meet. “Wy binne fan miening dat oerlêst fêststeld wurde moat foar minsken dy’t bûtendoar yn’e tún sitte”, aldus De Jong. “It oerlêst kin hjir net bassearre wurde op it lûd yn in wending.”

“Oer it ynrjochtsjen fan de proef mei hurdfarren hawwe wy noch wol noed oer de wize werop de lûdsoerlêst en de natuereffecten fêststels wurde”, zegt Roel de Jong. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🌹https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🚤 #PvdA #geluid #natuur #snelvaren

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) December 19, 2018

Natuurverstoring

Verder vroeg de PvdA om uitbereiding van de natuurtoets. “Wetternatoer wurdt hielendal bûten beskôging litten”, verklaart De Jong. Er worden doelen meegewogen uit de Kaderrichtlijn Water, maar die natuurwaarden komen vaak pas na jaren tot uiting. De Jong deed het voorstel om het onderzoek naar de effecten van snelvaren op de natuur te verbreden en verstoringsgevoelige soorten toe te voegen.

“Wy binne fan miening dat lûdsoerlêst fêststeld wurde moat foar minsken dy’t bûtendoar yn ’e tún sitte.” Roel de Jong vindt dat bij #snelvaren op Burgumur Mar andere geluidsnormen horen te gelden: niet binnenshuis maar buiten meten. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🌹https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🚤 #PvdA #geluid

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) December 19, 2018

Het bericht ‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

PvdA-listlûker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lústerje nei de minsken”

PvdA PvdA Friesland 18-12-2018 08:41

OMROP FRYSLÂN – PvdA-listlûker Marijke Roskam tinkt dat se ek sûnder politike ûnderfining de partij fierder helpe kin. “Ik stap de polityk yn omdat Fryslân djip yn myn hert sit”, sei se moandei yn It Polytburo by Omrop Fryslân. Roskam (37) waard sneon ferkeazen ta listlûker fan har partij foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier. Boppedat tinkt Roskam dat se genôch ûnderfining opdien hat yn oar wurk. Se hat yn de sjoernalistyk wurke en as deifoarsitter. “Dêrfoar dûk ik yn allerhande dossiers dêr’t se har ek yn de Steaten dwaande mei hâlde.” En dus fynt se harsels beslist gjin amateur.

https://friesland.pvda.nl/nieuws/pvda-listluker-roskam-politisy-meie-wolris-wat-better-lusterje-nei-de-minsken/

It fak past har wol, tinkt se: “Je moatte goed lústerje kinne. Ik tink dat politisy wol wat better lústerje meie nei de minsken. Fierder moatte je goed fragen stelle kinne, dêr bin ik ek al jierrenlang goed yn. En je moatte allegear ûnderwerpen je eigen meitsje: by in boer op it hiem stean, it ûnderwiis, de soarch.”

Opkomme foar de minsken

Roskam wol mei har partij opkomme foar de minsken dy’t it net meisitten hat. “We komme op foar minsken dy’t wolris pech ha en foar minsken dy’t graach dingen dwaan wolle. Yn dit jier ha we mei Kulturele Haadstêd in soad mooglik makke foar minsken dy’t wat dwaan woene yn har doarp of wyk.” Se heart net by de elite, fynt se. “Ik stean net foar in ‘betutteljend’ fingerke. Ik kin sá genietsje fan minsken dy’t der wat fan meitsje wolle. Dêr rekkenje ik mysels ek ûnder.”

Har partij hat it de ôfrûne ferkiezingen faak net goed dien. Yn Fryslân sit de partij dizze perioade foar it earst net yn it kolleezje fan Deputearre Steaten, mar yn de opposysje. Roskam wol mei har partij no wer gean foar in rol yn it bestjoer. “Yn ús programma stiet dat we minsken fierder bringe dy’t wat wolle: boeren, ûndernimmers, minsken yn de wiken en doarpen. Dat moat mei banen.”

Kultuer hat ynfloed op fêstigingsklimaat

Benaud dat banen út Fryslân ferdwine, is Roskam net. “Minsken witte Fryslân te finen. De kultuer hat in hiel grutte ynfloed op it fêstigingsklimaat. Minsken ha net mear it idee datst hjir neat kinst. In goed fêstigingsklimaat helpt hiel bot, mar ek dat we minsken helpe wolle. As je net de geskikte oplieding ha of as je thús sitte, dan moatte je holpen wurde. Dêr is myn partij foar. Der sitte genôch minsken thús dy’t fan alles kinne. We freegje de minsken wat har talint is. Net oft se har sollisitaasjebrief wol ferstjoerd ha.”

Hiel tefreden oer it hjoeddeistige kolleezje is Roskam net. “De minsken sizze ek: se ha op de winkel past. Net mear, net minder.” De PvdA hat de ôfrûne jierren dus yn de opposysje sitten en dêryn wie de partij net altyd hiel sichtber. “Opposysje fiere is ek lestich as de koälysje net iepen stiet en net sa ûntfanklik is foar kommentaar of nije ideeën”, seit Roskam.

Roskam giet foar tolve sitten

As de PvdA yn de kommende perioade wol yn it kolleezje komt, dan slút Roskam net út dat se deputearre wurdt. “Ik stean der iepen foar. Mar ik moat earst mar sjen hoe’t ik it de kommende moannen doch.” Roskam hopet op tolve sitten by de Steateferkiezingen. Har partij hat no sân. “Mar we moatte in goed kampanje fiere. As it giet om mienskip, wurk, natuer en as minsken wat wolle, dan binne wy har partij.”

De Provinsjale Steateferkiezingen binne op woansdei 20 maart.

Het bericht PvdA-listlûker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lústerje nei de minsken” verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

PvdA kriget stipe fan Feriene Lofts by ferkiezings

PvdA PvdA Friesland 06-11-2018 08:36

OMROP FRYSLÂN – Politike partij Feriene Lofts docht net mei oan de steateferkiezings yn maart 2019. Yn stee dêrfan slút de partij him oan by de kampanje fan de PvdA yn Fryslân. Foarsitter Addy Stoker seit dat de leden fan Feriene Lofts wurdearring hawwe foar de manier wêrop’t de PvdA de ôfrûne fjouwer jier wurke hat yn provinsjale steaten. Dêrnjonken wol Feriene Lofts in fiere fersnippering op links foarkomme.

Feriene Lofts is in partij dy’t oprjochte waard troch SP-ers dy’t it net iens wiene mei it lanlike SP-bestjoer om net mei te dwaan oan gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. De partij hat folksfertsjintwurdigers hân yn provinsjale steaten en yn de gemeenterieden fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Op dit stuit is de partij nearne fertsjintwurdige.

 

Het bericht PvdA kriget stipe fan Feriene Lofts by ferkiezings verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

CDA-lieder Buma fynt Holwert oan See 'moai plan'

CDA CDA Friesland 03-11-2018 12:14

CDA-partijlieder Sybrand Buma fierde freedtejûn yn Dokkum oardel oere kampanje foar de weryndielingsferkiezings fan Noardeast-Fryslân op 21 novimber. Buma begûn mei in kop snert yn it CDA-kampanjekafee yn de binnenstêd, mar gie oanslutend ek de dyk op om te folderjen en mei potinsjele kiezers te praten. Sybrand van Haersma Buma Buma toande bysûndere belangstelling foar it projekt Holwert oan See, dat it doarp Holwert en de Waadsee wer mei-inoar ferbine moat. "In moai plan. Gean dêr fral mei troch", sei er tsjin in delegaasje Holwerters. Dy binne drok oan it lobbyen omdat Holwert hopet om stipe te krijen út de 'regio-enveloppes' mei jild foar regionale ûntwikkeling fan minister Schouten. 60 miljoen euro "Ik heb de voorstellen voor Noardeast-Fryslân gezien en die zien er goed uit", sei Buma. It is de ferwachting dat minister Carola Schouten noch dit kalinderjier bekendmakket hokker projekten sa'n 'regio-enveloppe' krije. Holwert oan See soe dy stipe goed brûke kinne. De earste faze fan it projekt kostet 60 miljoen euro en dat jild is der noch net.It CDA hâldt sneon partijkongres yn Grins. Dat kongres stiet yn it teken fan de weryndielingsferkiezings. Dy binne hiel wichtich foar it CDA, want de partij docht it net geweldich yn de lanlike peilingen. Yn Noardeast-Fryslân tidiget Buma op in goeie útslach. "It CDA is hjir noch in echte folkspartij, mei minsken yn alle doarpen. It is mei de polityk krekt sa as mei de Alvestêdetocht; as je Dokkum helle hawwe, dan komt it goed." Wiis mei it plattelân Mei de besites oan Fryslân en Grinslân wol it CDA en ûnderstreekje dat de partij wiis is mei it plattelân. "In sommige delen van Nederland is het soms wel erg druk. De rust en ruimte hier is erg waardevol." Buma is ek fan betinken dat Nederlân wat 'goed te meitsjen' hat yn Grinslân en sil him dêr sneon oer útsprekke.Bron:https://www.omropfryslan.nl/nijs/847614-cda-lieder-buma-fynt-holwert-oan-see-moai-plan

Jan Douwe van der Ploeg hâldt Anita Andriesen-lêzing

PvdA PvdA Friesland 13-09-2018 14:22

It is freed 7 septimber 2018. Jan Douwe van der Ploeg sprekt op Swarte Hoarne oer de ‘kwaliteit fan de lânbou’. Tsien jier nei har ferstjerren hâldt hy de lêzing foar de jierlikse Anita Andriesen-betinking. En hy ferwiist nei har rede wêryn se in takomstperspektyf foar Fryslân anno 2030 sketste. Spitigernôch wie de kofje te gau op en begûn Jan Douwe eins wat te betiid oan syn ferhaal. Net elkenien wie der al. Om sân oere siet de romte lykwols hielendal fol. Om’t de sprekker alle tiid hie – hy útfanhuze yn Sint Jabik – ûntstie der nei ôfrin fan syn foardracht yn nijsgjirrige diskusje. Jan Douwe hie der aardichheid oan. In moaie jûn, passend yn de geast fan Anita.

Buorkje

It is goed mis mei de Nederlânske lânbou. In dei letter, op 8 septimber, komt CU-minister Carola Schouten mei har nije lânbounota. Se hat it oer kringlooplânbou, kij moatte faker de greide yn, minder ymport fan feefoer en stopje mei keunstmest. Net mear útputting fan de boaiem, fersmoarging fan wetter en fergriemen fan grûnstoffen. It ‘Planbureau voor de Leefomgeving’ konkludearre deselde wike dat de lânbou tsjin maatskiplike en ekologyske grinzen oanrûn.

Jan Douwe van der Ploeg is net fan de lêste moade. Yn it tydskrift SPIL skreau er al yn 1981 dat de Nederlânske melkfeehâlders – dy’t sa grutsk wiene op har eksport – ta syn ferbjustering in folle legere priis foar in mingel molke krigen as de boeren yn Itaalje of Dútslân. De Nederlânske suvelsektor wie rjochte op bulkproduksje foar de wrâldmerk. Skaalfergrutting en yntinsivearring wiene it biedwurd. En de agraryske wittenskippers yn Wageningen tochten der net oer nei hoe’t it oars koe.

Anne Vondeling

Jan Douwe van der Ploeg hat syn bêst dien romte te freegjen oar in oare lânboupraktyk. Hy hat my ris ferteld dat er derby oansluting fûn by it proefskrift fan Anne Vondeling (letter PvdA-minister foar lânbou) út 1948, De bedrijfsvergelijking in de landbouw. De iene boer wie de oare net. Jan Douwe kaam dizze jûn mei nije, aktuele sifers fan bedriuwsûntwikkeling. Net foar Nederlân, dêr wolle se der neat fan witte. Mar wol sifers út Dútslân, Ingelân en Frankryk (Bretagne).

En it belangrykste wie dat gongbere boeren miskien wol mear omset hawwe, mar dat bedriuwen mei leech ferbrûk oan krêftfoer en biologyske boeren bettere bedriuwsrisseltaten helje. Mar dat is net in iennichste: se binne mear baas op eigen buorkerij. De dragers fan de ‘fernijde lânbou’ fiele har enerzjiker, nimme mear initsjativen, hawwe mear oerlis mei oare boeren en dogge ek noch wol ris was oars nêst it buorkjen. En Jan Douwe sjocht dan as fan belang foar de leefberens fan it plattelân. Yn deselde wike stiene der berjochten oer selsmoard yn de boerewrâld yn de krante – de gongbere boer sit yn de lytse loege. Hy sit klem.

‘Wrakseljen’

‘Gerzje’ foar alle fretten foar de kij en‘dongje’ mei eigen dong fan it bedriuw. It is ‘wrakseljen’, seit Van der Ploeg yn neifolging fan Hylke Speerstra yn De Oerpolder. Mar hy wiist ek de op boeren dy’t har eigen wei keazen hawwe, harren losmakke hawwe fan it omsittende laach, de suvelyndustry, de RABO, foerbedriuwen en keunstmestleveransiers. En hy priizge de opposysje yn de Fryske Steaten foar har moedige foarstellen foar it feangreidegebiet. Yn de diskusje liet er noch troch klinke dat ek de ‘fernijde lânbou’ oan eksport dwaan koe – der is fraach nei werkenbere kwaliteitsprodukten.

Bertus Mulder

Download hjir de presentaasje fan Jan Douwe van der Ploeg

Het bericht Jan Douwe van der Ploeg hâldt Anita Andriesen-lêzing verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Jamila Ennour beëdige as kommisjelid

PvdA PvdA Friesland 11-09-2018 14:40

Jamila Ennour (1972) út Snits is hjoed troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de PvdA yn Provinsjale Steaten. As kommisjelid kin frou Ennour meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin hja foar har fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Ennour hat in bestjoerlik-juridyske achtergrûn en hat goed 20 jier wurkûnderfining by de lokale oerheid. Op dit stuit is se wurksum as beliedsadviseur by de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dizze gemeente hat hja ek aktyf west yn it partijbestjoer fan de PvdA. Earder wie Ennour riedslid yn de gemeente Ljouwert.

Het bericht Jamila Ennour beëdige as kommisjelid verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.