Nieuws van politieke partijen in Friesland inzichtelijk

2 documenten

CDA-lieder Buma fynt Holwert oan See 'moai plan'

CDA CDA Friesland 03-11-2018 12:14

CDA-partijlieder Sybrand Buma fierde freedtejûn yn Dokkum oardel oere kampanje foar de weryndielingsferkiezings fan Noardeast-Fryslân op 21 novimber. Buma begûn mei in kop snert yn it CDA-kampanjekafee yn de binnenstêd, mar gie oanslutend ek de dyk op om te folderjen en mei potinsjele kiezers te praten. Sybrand van Haersma Buma Buma toande bysûndere belangstelling foar it projekt Holwert oan See, dat it doarp Holwert en de Waadsee wer mei-inoar ferbine moat. "In moai plan. Gean dêr fral mei troch", sei er tsjin in delegaasje Holwerters. Dy binne drok oan it lobbyen omdat Holwert hopet om stipe te krijen út de 'regio-enveloppes' mei jild foar regionale ûntwikkeling fan minister Schouten. 60 miljoen euro "Ik heb de voorstellen voor Noardeast-Fryslân gezien en die zien er goed uit", sei Buma. It is de ferwachting dat minister Carola Schouten noch dit kalinderjier bekendmakket hokker projekten sa'n 'regio-enveloppe' krije. Holwert oan See soe dy stipe goed brûke kinne. De earste faze fan it projekt kostet 60 miljoen euro en dat jild is der noch net.It CDA hâldt sneon partijkongres yn Grins. Dat kongres stiet yn it teken fan de weryndielingsferkiezings. Dy binne hiel wichtich foar it CDA, want de partij docht it net geweldich yn de lanlike peilingen. Yn Noardeast-Fryslân tidiget Buma op in goeie útslach. "It CDA is hjir noch in echte folkspartij, mei minsken yn alle doarpen. It is mei de polityk krekt sa as mei de Alvestêdetocht; as je Dokkum helle hawwe, dan komt it goed." Wiis mei it plattelân Mei de besites oan Fryslân en Grinslân wol it CDA en ûnderstreekje dat de partij wiis is mei it plattelân. "In sommige delen van Nederland is het soms wel erg druk. De rust en ruimte hier is erg waardevol." Buma is ek fan betinken dat Nederlân wat 'goed te meitsjen' hat yn Grinslân en sil him dêr sneon oer útsprekke.Bron:https://www.omropfryslan.nl/nijs/847614-cda-lieder-buma-fynt-holwert-oan-see-moai-plan

Jan Douwe van der Ploeg hâldt Anita Andriesen-lêzing

PvdA PvdA Friesland 13-09-2018 14:22

It is freed 7 septimber 2018. Jan Douwe van der Ploeg sprekt op Swarte Hoarne oer de ‘kwaliteit fan de lânbou’. Tsien jier nei har ferstjerren hâldt hy de lêzing foar de jierlikse Anita Andriesen-betinking. En hy ferwiist nei har rede wêryn se in takomstperspektyf foar Fryslân anno 2030 sketste. Spitigernôch wie de kofje te gau op en begûn Jan Douwe eins wat te betiid oan syn ferhaal. Net elkenien wie der al. Om sân oere siet de romte lykwols hielendal fol. Om’t de sprekker alle tiid hie – hy útfanhuze yn Sint Jabik – ûntstie der nei ôfrin fan syn foardracht yn nijsgjirrige diskusje. Jan Douwe hie der aardichheid oan. In moaie jûn, passend yn de geast fan Anita.

Buorkje

It is goed mis mei de Nederlânske lânbou. In dei letter, op 8 septimber, komt CU-minister Carola Schouten mei har nije lânbounota. Se hat it oer kringlooplânbou, kij moatte faker de greide yn, minder ymport fan feefoer en stopje mei keunstmest. Net mear útputting fan de boaiem, fersmoarging fan wetter en fergriemen fan grûnstoffen. It ‘Planbureau voor de Leefomgeving’ konkludearre deselde wike dat de lânbou tsjin maatskiplike en ekologyske grinzen oanrûn.

Jan Douwe van der Ploeg is net fan de lêste moade. Yn it tydskrift SPIL skreau er al yn 1981 dat de Nederlânske melkfeehâlders – dy’t sa grutsk wiene op har eksport – ta syn ferbjustering in folle legere priis foar in mingel molke krigen as de boeren yn Itaalje of Dútslân. De Nederlânske suvelsektor wie rjochte op bulkproduksje foar de wrâldmerk. Skaalfergrutting en yntinsivearring wiene it biedwurd. En de agraryske wittenskippers yn Wageningen tochten der net oer nei hoe’t it oars koe.

Anne Vondeling

Jan Douwe van der Ploeg hat syn bêst dien romte te freegjen oar in oare lânboupraktyk. Hy hat my ris ferteld dat er derby oansluting fûn by it proefskrift fan Anne Vondeling (letter PvdA-minister foar lânbou) út 1948, De bedrijfsvergelijking in de landbouw. De iene boer wie de oare net. Jan Douwe kaam dizze jûn mei nije, aktuele sifers fan bedriuwsûntwikkeling. Net foar Nederlân, dêr wolle se der neat fan witte. Mar wol sifers út Dútslân, Ingelân en Frankryk (Bretagne).

En it belangrykste wie dat gongbere boeren miskien wol mear omset hawwe, mar dat bedriuwen mei leech ferbrûk oan krêftfoer en biologyske boeren bettere bedriuwsrisseltaten helje. Mar dat is net in iennichste: se binne mear baas op eigen buorkerij. De dragers fan de ‘fernijde lânbou’ fiele har enerzjiker, nimme mear initsjativen, hawwe mear oerlis mei oare boeren en dogge ek noch wol ris was oars nêst it buorkjen. En Jan Douwe sjocht dan as fan belang foar de leefberens fan it plattelân. Yn deselde wike stiene der berjochten oer selsmoard yn de boerewrâld yn de krante – de gongbere boer sit yn de lytse loege. Hy sit klem.

‘Wrakseljen’

‘Gerzje’ foar alle fretten foar de kij en‘dongje’ mei eigen dong fan it bedriuw. It is ‘wrakseljen’, seit Van der Ploeg yn neifolging fan Hylke Speerstra yn De Oerpolder. Mar hy wiist ek de op boeren dy’t har eigen wei keazen hawwe, harren losmakke hawwe fan it omsittende laach, de suvelyndustry, de RABO, foerbedriuwen en keunstmestleveransiers. En hy priizge de opposysje yn de Fryske Steaten foar har moedige foarstellen foar it feangreidegebiet. Yn de diskusje liet er noch troch klinke dat ek de ‘fernijde lânbou’ oan eksport dwaan koe – der is fraach nei werkenbere kwaliteitsprodukten.

Bertus Mulder

Download hjir de presentaasje fan Jan Douwe van der Ploeg

Het bericht Jan Douwe van der Ploeg hâldt Anita Andriesen-lêzing verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.