Nieuws van PvdA in Friesland inzichtelijk

28 documenten

‘Stopje mei boarringen Waadgebiet oant útkomst parlemintêre enkête’

PvdA PvdA Friesland 10-07-2019 08:36

De PvdA wil van de provincie Fryslân weten of het mogelijk is om alle mijnbouwactiviteiten in het Waddengebied op te schorten tot de uitkomst bekend is van de parlementaire enquête over de gaswinning in Groningen. Statenlid Marijke Roskam vraagt opheldering van het provinciebestuur. “Us soargen oer it Waadgebiet nimme ta. De oanhâldende boarringen nei gas en sâlt ûnder ús kwetsbere wrâlderfguod bringe hiele grutte risiko’s mei him mei.”

Terugtrekken

Roskam wil aanvullend graag weten of de provincie zich tot de parlementaire enquête terug kan trekken uit lopende gebiedsprocessen. “De enkêtekommisje sil ûnder oaren prate oer de effekten fan gaswinning op ús leefomjouwing. Wy tinke dat dit fan ynfloed wêze sil op de omjouwingsprosessen.” De PvdA vraagt nog voor de Statenvergadering van september helderheid op dit punt. Dit omdat minister Wiebes in oktober een besluit neemt over de gasboringen onder de Waddenzee vanuit Ternaard.

Geuite zorgen

De schriftelijke vragen van de PvdA zijn een reactie op de zorgen die de Waddenvereniging, UNESCO’s World Heritage en de auditcommissie gaswinning onder de Waddenzee recent uitten. Roskam benadrukt hierbij het feit dat Provinciale Staten zich de afgelopen jaren meerdere malen uitspraken tegen nieuwe en bestaande gaswinning in Fryslân en het Waddengebied in het bijzonder.

Het bericht ‘Stopje mei boarringen Waadgebiet oant útkomst parlemintêre enkête’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Wa is deputearre Douwe Hoogland?

PvdA PvdA VVD CDA Friesland 19-06-2019 08:01

OMROP FRYSLÂN – Deputearre Steaten presintearret dizze tiisdei de plannen foar de kommende fjouwer jier. De deputearren Sietske Poepjes (CDA), Sander de Rouwe (CDA) en Johannes Kramer (FNP) komme werom en Avine Fokkens (VVD) en Douwe Hoogland (PvdA) binne nij. Wa binne sy? En wat binne har ideeën en falkûlen?

Douwe Hoogland (PvdA) wennet yn Aldtsjerk en hat trije bern. Fan oarsprong is Hoogland boer, mar hy is de ôfrûne jierren njonken dy wurksumheden tichter by de polityk kommen.

Het bericht Wa is deputearre Douwe Hoogland? verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

PvdA lokaal: wie is mijn contactpersoon binnen gewestelijk bestuur?

PvdA PvdA Friesland 11-06-2019 08:26

Vanuit het gewestelijk bestuur zijn de volgende personen aangewezen als contactpersoon voor de verschillende afdelingen:

Noord Ameland: Siepie Hylkema Schiermonnikoog: Siepie Hylkema Noardeast-Fryslân: Siepie Hylkema Vlieland: Arie van Barneveld Harlingen: Arie van Barneveld Terschelling: Arie van Barneveld Oost Achtkarspelen: Siepie Hylkema Tytsjerksteradiel: Siepie Hylkema Dantumadiel: Arie van Barneveld Smallingerland: Jan van der Meulen Zuid(oost) Heerenveen: Hans Konst Ooststellingwerf: Eric Boersma Weststellingwerf: Eric Boersma Opsterland: Teunis van der Veen West Súdwest-Fryslân: Hans Konst De Fryske Marren: Eric Boersma/Joukje van Roeden Leeuwarden: Teunis van der Veen Waadhoeke: Teunis van der Veen

Het bericht PvdA lokaal: wie is mijn contactpersoon binnen gewestelijk bestuur? verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Energieneutraal provinciehuis: ‘Net útgean fan ego, mar eco’

PvdA PvdA Friesland 27-05-2019 08:59

De PvdA vindt het een goede zaak dat de provincie Fryslân als organisatie energieneutraal wil worden. “Lit mar sjen dat we echt feroaring wolle”, zei woordvoerder Marijke Roskam in haar eerste toespraak in de Statenzaal. Ze riep het provinciebestuur wel op tempo te maken en het belang van besparing te benadrukken. “At we yn 2025 al enerzjyneutraal wêze wolle, kinne je mar better as de bliksem soargje dat je ferbrûk minder wurdt. It gedrach en de kultuer yn de organisaasje binne tige wichtich om de meter echt nei ûnder te krijen.”

Pionieren

De provincie heeft een voorbeeldfunctie op het gebied van duurzaamheid vindt de PvdA. “Wy moatte net útgean wolle fan ego, mar eco”, zei Roskam die vindt dat de provincie een pionierende overheid moet zijn. Tijdens het debat reageerde ze scherp op de ambtelijke conclusie dat er geen ruimte genoeg is voor zonnepanelen op het provinciehuis. “Der moat kreativer en ynnovativer neitocht wurde oer de tapassing fan sinne-enerzjy, bygelyks sinnesellen yn de ruten.”

‘Oaren helpe’

Het goede voorbeeld geven gaat volgens de PvdA verder dan zelf energieneutraal worden. Het gaat volgens Roskam ook over het denken in mogelijkheden en ondersteunen van lokale duurzame initiatieven. “Wy fine it wichtich dat we as provinsje Fryslân sjen litte dat we oaren helpe wolle yn it setten fan griene stappen. Tal fan organisaasjes, enerzjykoöperaasjes, mar ek gesinnen yn Fryslân wolle stappen sette om duorsume enerzjy op te wekken.”

Het bericht Energieneutraal provinciehuis: ‘Net útgean fan ego, mar eco’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Het water staat gemeenten aan de lippen

PvdA PvdA Friesland 20-05-2019 11:25

Veel mensen hadden er in 2015 bij de decentralisaties van de jeugdzorg, WMO en participatiewet een hard hoofd in: komt het wel goed? Op zich was die angst niet vreemd. De decentralisaties gingen gepaard met enorme bezuinigingen. Sommigen verwachtten dat marktwerking zou leiden tot kostenbesparing en kwaliteitsverbetering. Dat is niet gebeurd.

Met veel pijn en moeite zijn de gemeenten er in geslaagd de zorg voor kinderen en ouderen op peil te houden. Maar de financiële rek is er inmiddels wel uit. In plaats dat het Rijk in deze economisch gouden tijden met voldoende extra geld over de brug komt, houdt minister Hoekstra de hand op de knip. Sterker, het kabinet verergert met verkeerde maatregelen de problemen juist. Met de invoering van abonnementstarief van € 17,50 in de WMO zadelen ze gemeenten op met een explosie van de hulpvraag. Waar gemeenten eerst zelf een inkomensafhankelijke eigen bijdrage konden vragen, kunnen straks ook vermogende ouderen goedkope huishoudelijke hulp via de gemeente aanvragen.

Ook de solidariteit tussen gemeenten wordt op de proef gesteld. Niet elke gemeente heeft bijvoorbeeld woonvormen voor ernstig gehandicapte kinderen. Veel taken in de jeugdzorg worden regionaal ingekocht en overschrijdingen gedeeld, maar steeds meer gemeenten kijken elkaar met scheve ogen aan. Zeker als de reserves op zijn en er bezuinigd moet worden.

Voor inwoners is dit niet te volgen. Het Rijk heeft in 2018 € 11 miljard niet uitgegeven. Waarom staan kinderen in de ene gemeente een half jaar op een wachtlijst, terwijl ze in de andere snel geholpen worden? Het kan niet zo zijn dat gemeenten worden afgescheept met € 350 miljoen, terwijl alleen al in de jeugdzorg € 1,2 miljard nodig is. Een schijntje, een druppel op de gloeiende plaat. Wanneer je de tekorten in de WMO en de participatiewet erbij optelt en je op een totaal van zo’n € 2 miljard uitkomt, is het zelfs een belediging.

Het is onverstandig om de jeugdzorg ‘terug te geven’ aan Rijk of provincie. Dat lost niets op en zal alleen maar tot onrust leiden onder de mensen die zorg en ondersteuning nodig hebben. Nee, het Rijk zal de lokale overheid nu eindelijk eens serieus moeten nemen. Niet met nog meer actieplannen, maar met een fatsoenlijk budget. € 2 miljard is er nodig. Veel geld, maar het is nog steeds € 9 miljard minder dan de € 11 miljard die het kabinet in 2018 niet heeft uitgegeven.

PvdA-fractievoorzitters

Terschelling – Christa Oosterbaan Heerenveen – Wanda Ottens De Fryske Marren – Wietze de Haan Opsterland – Roel Vogelzang Ooststellingwerf – Simon ter Heide Súdwest-Fryslân – Johan Feenstra Smallingerland – Anton Pieters Statenfractie – Hetty Janssen Harlingen – Edwin Helvrich Ameland – Irma Marinus Achtkarspelen – Theun Nicolai Tytjerksteradiel – Saskia van der Werf Noardeast-Fryslân – Gryte Schaafstal Leeuwarden – Lutz Jacobi

Het bericht Het water staat gemeenten aan de lippen verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stânbyld”

PvdA PvdA Friesland 15-03-2019 15:05

OMROP FRYSLÂN – Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Hjoed is Marijke Roskam, listlûker fan PvdA, oan bar.

Namme: Marijke Roskam Leeftiid: 36 Wenplak: Koarnwert Berop: deifoarsitter en kommunikaasje-adviseur Hobby: boartsje mei myn soan Partij: PvdA Besjoch it partijprogramma fan de PvdA

Marijke, sizze wy do of jo?

“Do.”

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

“Om’t ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân. De boarger dy’t it ferskil meitsje wol foar har of syn doarp of wyk, dy moat de romte krije fan de provinsje.”

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

“Alle frijwilligers dy’t harren ynsette foar in bettere wrâld. Sy fertsjinje in stânbyld.”

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

“Dan nimme we ferantwurdlikhyd foar grutte opjeftes, yn stee fan foarút skowe. En, we pakke mear soargen oan fan minsken. Genôch wenten foar jong en âld, minsken mei in krappe beurs dy’t ek meidwaan kinne mei enerzjybesparjende maatregels.”

Ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân.

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

“Sjoch ris om dy hinne. Litst ús natuer, taal en mienskip oer oan in noardlik lânsdiel? De gemeenten ha it al smoardrok mei grutte taken, hielendal nei alle weryndielings en mei de ferantwurdlikheid foar it sosjaal domein. Foar in fyzje op hiel Fryslân moatte minsken de tiid ha, dat dogge je der net even by.”

Wurdt dyn partij en/of de kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen? Sa ja, hokker?

“Nee.”

Telefyzjeprogramma’s lykas ‘Zondag met Lubach’ en ‘De wereld draait door’ geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

“We binne Friezen, hè. Nochter. Dat kin ús neat skele. Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.”

Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

“Nei twa gleskes wyn kom ik de trep al net mear op. Op neisitsjes fan kongressen of gearkomsten sit ik dêrom altyd oan it wetter. Ik bin in goedkeapen ien, haha.”

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

“Farske skieppetsiis op bôle fan de waarme bakker. Bytsje sâlt derop, hearlik. By ús pake en beppe in traktaasje en no helje ik it ien kear yn it jier en sjoch ik even nei boppe.”

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

“Omdat ik gjin politikus bin mei in dûbelde aginda en plannen foar myn eigen karriêre. Ik doch dit om’t Fryslân djip yn myn hert sit en ik it bêste wol foar de Friezen. In sosjaal, betelber, kreatyf en duorsum Fryslân. Net stinne, mar stimme!”

Het bericht Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stânbyld” verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

‘Rap ynspringe op kânsen Holwert oan See’

PvdA PvdA Friesland 24-01-2019 13:36

De poging van Roel de Jong om enkele tijdrovende hordes weg te nemen voor het project Holwerd aan Zee slaagde, ook al had hij graag meer ruimte voor grondaankoop gecreëerd. “Holwert oan See is in moai foarbyld fan in inisjatyf fan ûnderop. It hat in grutte foarbyldfunksje. Dêr moatte we de faasje ynhâlde.” Met succes zorgde de PvdA ervoor dat het voorbereidingsbudget voor het project zonder verdere voorwaarden wordt vrijgegeven.

Vooruitkijken

“Fan it begjin ôf hat de PvdA posityf tsjinoer it projekt stien”, zei De Jong tijdens het debat, „en wy wolle no net yn’e kont hingjen gean.” Wel riep hij op om samen met Holwerd aan Zee vooruit te kijken en koppelingen te zoeken met andere initiatieven langs de Waddenkust. Dit om de maatschappelijke en financiële opbrengst te vergroten. Een motie hiertoe behaalde een ruime meerderheid.

https://friesland.pvda.nl/nieuws/rap-ynspringe-op-kansen-holwert-oan-see/🌊 @HolwerdaanZee is een prachtig voorbeeld van een initiatief van onderop. Roel de Jong: “Allinnich al de foarbyldfunksje makket dat it alle mooglike stipe fertsjinnet.” https://friesland.pvda.nl/nieuws/rap-ynspringe-op-kansen-holwert-oan-see/🌹 #PvdA #HolwerdaanZee #jijwijfryslan

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) 23 januari 2019

Grondaankoop

De PvdA wil aanvullend op het voorbereidingsbudget ook alvast geld vrijmaken voor het aankopen van grond. Kansen hierop liepen eerder op niks uit vanwege stroperige procedures. “Holwert oan Sea moat rap ynspringe kinne op kânsen foar grûnoankeap”, verklaarde De Jong. Hij gaf aan dat het vooral gaat om snelheid en dat het niet ten koste hoeft te gaan van zorgvuldigheid.

Gedeputeerde Johannes Kramer (FNP) deed de toezegging dat hij gaat onderzoeken welke mogelijkheden er zijn voor grondverwerving. Daarop besloot Provinciale Staten om op dit moment nog niet in te stemmen met het vrijgeven van geld.

https://friesland.pvda.nl/nieuws/rap-ynspringe-op-kansen-holwert-oan-see/💬 “Littewyde faasjederynhâlde!” We willen hordes wegnemen die tijd kosten. @HolwerdaanZee moet met @provfryslan snel kunnen inspelen op kansen voor grondaankoop. Wachten op handtekening @noardeast is overbodig gezien raadsvergadering vorige week. https://friesland.pvda.nl/nieuws/rap-ynspringe-op-kansen-holwert-oan-see/🌹 #PvdA #jijwijfryslan pic.twitter.com/iPopDV7a2a

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) 23 januari 2019

Het bericht ‘Rap ynspringe op kânsen Holwert oan See’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Nieuwjaarstoespraak Marijke Roskam: ‘De himel blau, de sinne klear’

PvdA PvdA Friesland 12-01-2019 15:15

‘De himel blau, de sinne klear.’ Dizze sin, de earste rigel út it gedicht Om maaie hinne fan Obe Postma, stiet ûnder myn hûd skreaun. In gedicht oer in tafriel yn it bûthús, arbeider, boer, boerinne, bern oan de slach.

De himmel blau, de sinne klear, Wyt‑en‑gielbûnt de âlde finne; Fan ‘t east de middeiswaarme wyn Strykt oer de flakke greiden hinne.

Yn it earste plak stiet de sin op myn earm út heimwee sis ik earlik, langstme nei Fryslân. It lânskip en de mienskip.

Yn it twadde plak is it in belofte oan Postma, om syn poëzy, romantyk en dyselde leafde foar Fryslân en it driuwend entûsjasme oer dizze unike provinsje om te setten nei konkreet hanneljen.

Om maaie hinne, wol ik mei dizze partij, dizze kloft minsken soargje foar polityk wêr’t boargers en boeren fertrouwen fan krije. Wêryn at eangsten, soargen, mar ek talinten en ambysjes sjoen en heard wurde. De siedsjes dy’t plante binne mei kulturele haadstêd op de tema’s talintûntwikkeling, gear-wurking, de enerzjytransysje en ekology moatte troch ús bewettere wurde, mooglikheden en romte krije om út te groeien ta de wichtichste pylkers fan Fryslân.

Wêrby at myn gemoed ljochtblau is, we in hoarizon sketse kinne wer’t Obe Postma him mei syn strange burd en sêfte wurden yn fine kin en wêr’t ús bern wat oan ha. In giffrij Fryslân, mei in sûne loft, sûne grûn en in sûne ekonomy fan mear nei better.

En ja, dat is soms hiel clear, yn it Ingelsk. Helder en skerp, soms sels in fûle sinne. Want at ik bytiden wurch bin, polarisearjende krantekoppen as analyses lês, at ik oan de iene kant hear ‘de bealch derfoar en striid foar it sosjaal demokratyske hert fan Fryslân’ en de oare kear hear dat fan sa’n frommeske net sokke skerpe taal ferwachte wurdt, dan sjoch ik nei Obe syn sin.

De himel blau, de sinne klear. It seit my dat no de tiid is. Foar in frisse wyn troch it bûthús.Foar belied dat net inkeld polityk is, mar by elkoar bepraat, bediskuseard en ferbyldzje wurdt troch de mienskip.

No is ek de tiid foar it grutter tinken. Ambisjeus, wy wolle mei in Noarden in blue zone wurde. In blauwe himel sûnder CO2, mar ek in plak der’t de âlderein sûn âld wurde kin. Provinsje Fryslân, mei beweging, sport en sosjale kohesie om dementie en iensumens tsjin te gean.

No is de tiid, om de sinne har wurk dwaan te litten. Enerzjykommissaris Bouwe de Boer wjukken en frijheden te jaan, om mei al dy koöperaasjes écht ympakt te ha. Minsken harren lêsten nei ûnder te bringen. Om Reduzum en oare doarpen it fertrouwen te jaan, mar ek de revenuën fan harren op-bringsten. Dat ha se fertsjinne.

No is de tiid, foar in serieuze fisy op de arbeidsmerk fan de takomst. Wêr’t sjauffeurs fan in SRV-wein yn de kunde komme mei harren talint en banen fan no, wer’t minsken mei in beheining geweldich talintearre binne foar in baan yn de ICT en wêrby at we minsken net wolkom hjitte mei in brief en for-mulier, mar in bak kofje en de sin ‘do bist geskikt foar in baan, we sille mei dy útfine welke’.

No is de tiid, foar in Masterplan Gastfrijheid en toerisme. Wat in reuring, entûsjasme en dúdlike doelgroep ha we yn 2018 wrâldwiid oanlutsen. Dat is goud wurch, en dus moatte we dêr ambisjeus foar gean.

Marijke Roskam Nieuwjaarstoespraak PvdA Fryslân

Het bericht Nieuwjaarstoespraak Marijke Roskam: ‘De himel blau, de sinne klear’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’

PvdA PvdA Friesland 20-12-2018 11:03

De PvdA is blij met het feit dat de provincie op het Burgumer Mar een passende plek heeft gevonden voor een proef met snelvaren. Statenlid Roel de Jong deed daarvoor in april dit jaar, samen met de FNP, een oproep. “Wy ha it kolleezje frege yn Noardeast Fryslân in gaadlike lokaasje te sykjen dy’t ynrjochte wurde kin as hurdfarplak.” De komende twee jaar is op het meer snelvaren toegestaan van 15 juni tot 15 september tussen tien uur ‘s ochtends en zes uur ‘s avonds. Ook wordt onderzoek gedaan naar de effecten van het snelvaren.

Geluidsoverlast

De Jong is „goed te sprekken” over de proef, maar verwacht wel dat de provincie de resultaten meeneemt in de brede watersportvisie die het de komende jaren opstelt. Verder wil de PvdA dat de provincie geluidsoverlast op de juiste manier meet. “Wy binne fan miening dat oerlêst fêststeld wurde moat foar minsken dy’t bûtendoar yn’e tún sitte”, aldus De Jong. “It oerlêst kin hjir net bassearre wurde op it lûd yn in wending.”

“Oer it ynrjochtsjen fan de proef mei hurdfarren hawwe wy noch wol noed oer de wize werop de lûdsoerlêst en de natuereffecten fêststels wurde”, zegt Roel de Jong. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🌹https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🚤 #PvdA #geluid #natuur #snelvaren

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) December 19, 2018

Natuurverstoring

Verder vroeg de PvdA om uitbereiding van de natuurtoets. “Wetternatoer wurdt hielendal bûten beskôging litten”, verklaart De Jong. Er worden doelen meegewogen uit de Kaderrichtlijn Water, maar die natuurwaarden komen vaak pas na jaren tot uiting. De Jong deed het voorstel om het onderzoek naar de effecten van snelvaren op de natuur te verbreden en verstoringsgevoelige soorten toe te voegen.

“Wy binne fan miening dat lûdsoerlêst fêststeld wurde moat foar minsken dy’t bûtendoar yn ’e tún sitte.” Roel de Jong vindt dat bij #snelvaren op Burgumur Mar andere geluidsnormen horen te gelden: niet binnenshuis maar buiten meten. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🌹https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/🚤 #PvdA #geluid

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) December 19, 2018

Het bericht ‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

PvdA-listlûker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lústerje nei de minsken”

PvdA PvdA Friesland 18-12-2018 08:41

OMROP FRYSLÂN – PvdA-listlûker Marijke Roskam tinkt dat se ek sûnder politike ûnderfining de partij fierder helpe kin. “Ik stap de polityk yn omdat Fryslân djip yn myn hert sit”, sei se moandei yn It Polytburo by Omrop Fryslân. Roskam (37) waard sneon ferkeazen ta listlûker fan har partij foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier. Boppedat tinkt Roskam dat se genôch ûnderfining opdien hat yn oar wurk. Se hat yn de sjoernalistyk wurke en as deifoarsitter. “Dêrfoar dûk ik yn allerhande dossiers dêr’t se har ek yn de Steaten dwaande mei hâlde.” En dus fynt se harsels beslist gjin amateur.

https://friesland.pvda.nl/nieuws/pvda-listluker-roskam-politisy-meie-wolris-wat-better-lusterje-nei-de-minsken/

It fak past har wol, tinkt se: “Je moatte goed lústerje kinne. Ik tink dat politisy wol wat better lústerje meie nei de minsken. Fierder moatte je goed fragen stelle kinne, dêr bin ik ek al jierrenlang goed yn. En je moatte allegear ûnderwerpen je eigen meitsje: by in boer op it hiem stean, it ûnderwiis, de soarch.”

Opkomme foar de minsken

Roskam wol mei har partij opkomme foar de minsken dy’t it net meisitten hat. “We komme op foar minsken dy’t wolris pech ha en foar minsken dy’t graach dingen dwaan wolle. Yn dit jier ha we mei Kulturele Haadstêd in soad mooglik makke foar minsken dy’t wat dwaan woene yn har doarp of wyk.” Se heart net by de elite, fynt se. “Ik stean net foar in ‘betutteljend’ fingerke. Ik kin sá genietsje fan minsken dy’t der wat fan meitsje wolle. Dêr rekkenje ik mysels ek ûnder.”

Har partij hat it de ôfrûne ferkiezingen faak net goed dien. Yn Fryslân sit de partij dizze perioade foar it earst net yn it kolleezje fan Deputearre Steaten, mar yn de opposysje. Roskam wol mei har partij no wer gean foar in rol yn it bestjoer. “Yn ús programma stiet dat we minsken fierder bringe dy’t wat wolle: boeren, ûndernimmers, minsken yn de wiken en doarpen. Dat moat mei banen.”

Kultuer hat ynfloed op fêstigingsklimaat

Benaud dat banen út Fryslân ferdwine, is Roskam net. “Minsken witte Fryslân te finen. De kultuer hat in hiel grutte ynfloed op it fêstigingsklimaat. Minsken ha net mear it idee datst hjir neat kinst. In goed fêstigingsklimaat helpt hiel bot, mar ek dat we minsken helpe wolle. As je net de geskikte oplieding ha of as je thús sitte, dan moatte je holpen wurde. Dêr is myn partij foar. Der sitte genôch minsken thús dy’t fan alles kinne. We freegje de minsken wat har talint is. Net oft se har sollisitaasjebrief wol ferstjoerd ha.”

Hiel tefreden oer it hjoeddeistige kolleezje is Roskam net. “De minsken sizze ek: se ha op de winkel past. Net mear, net minder.” De PvdA hat de ôfrûne jierren dus yn de opposysje sitten en dêryn wie de partij net altyd hiel sichtber. “Opposysje fiere is ek lestich as de koälysje net iepen stiet en net sa ûntfanklik is foar kommentaar of nije ideeën”, seit Roskam.

Roskam giet foar tolve sitten

As de PvdA yn de kommende perioade wol yn it kolleezje komt, dan slút Roskam net út dat se deputearre wurdt. “Ik stean der iepen foar. Mar ik moat earst mar sjen hoe’t ik it de kommende moannen doch.” Roskam hopet op tolve sitten by de Steateferkiezingen. Har partij hat no sân. “Mar we moatte in goed kampanje fiere. As it giet om mienskip, wurk, natuer en as minsken wat wolle, dan binne wy har partij.”

De Provinsjale Steateferkiezingen binne op woansdei 20 maart.

Het bericht PvdA-listlûker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lústerje nei de minsken” verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.