Nieuws van politieke partijen in Friesland inzichtelijk

5 documenten

Schriftelijke vragen over incidenten jaarwisseling 2021-2022

CDA CDA Friesland 03-01-2022 16:21

Wij hebben afgelopen dagen het nieuws over de jaarwisseling ook gevolgd en zijn geschrokken van alle berichtgeving. DeCDA-raadsfractie heeft daarom schriftelijke vragen gesteld aan het college over de aanpak van de incidenten rondom de jaarwisseling. De volgende vragen zijn gesteld: Is er n.a.v. de incidenten eind 2020in Anjum een evaluatie geweest? Is er ook n.a.v. de evaluatie een plan van aanpak gemaakt? Wanneer worden de incidenten tijdens de jaarwisseling in de diverse dorpen van onze gemeente geëvalueerd? Wordt er ook een plan van aanpak gemaakt voor de komende jaarwisseling? Zo ja wordt deze ook met de raad gedeeld?

Nieuwjaarstoespraak Marijke Roskam: ‘De himel blau, de sinne klear’

PvdA PvdA Friesland 12-01-2019 15:15

‘De himel blau, de sinne klear.’ Dizze sin, de earste rigel út it gedicht Om maaie hinne fan Obe Postma, stiet ûnder myn hûd skreaun. In gedicht oer in tafriel yn it bûthús, arbeider, boer, boerinne, bern oan de slach.

De himmel blau, de sinne klear, Wyt‑en‑gielbûnt de âlde finne; Fan ‘t east de middeiswaarme wyn Strykt oer de flakke greiden hinne.

Yn it earste plak stiet de sin op myn earm út heimwee sis ik earlik, langstme nei Fryslân. It lânskip en de mienskip.

Yn it twadde plak is it in belofte oan Postma, om syn poëzy, romantyk en dyselde leafde foar Fryslân en it driuwend entûsjasme oer dizze unike provinsje om te setten nei konkreet hanneljen.

Om maaie hinne, wol ik mei dizze partij, dizze kloft minsken soargje foar polityk wêr’t boargers en boeren fertrouwen fan krije. Wêryn at eangsten, soargen, mar ek talinten en ambysjes sjoen en heard wurde. De siedsjes dy’t plante binne mei kulturele haadstêd op de tema’s talintûntwikkeling, gear-wurking, de enerzjytransysje en ekology moatte troch ús bewettere wurde, mooglikheden en romte krije om út te groeien ta de wichtichste pylkers fan Fryslân.

Wêrby at myn gemoed ljochtblau is, we in hoarizon sketse kinne wer’t Obe Postma him mei syn strange burd en sêfte wurden yn fine kin en wêr’t ús bern wat oan ha. In giffrij Fryslân, mei in sûne loft, sûne grûn en in sûne ekonomy fan mear nei better.

En ja, dat is soms hiel clear, yn it Ingelsk. Helder en skerp, soms sels in fûle sinne. Want at ik bytiden wurch bin, polarisearjende krantekoppen as analyses lês, at ik oan de iene kant hear ‘de bealch derfoar en striid foar it sosjaal demokratyske hert fan Fryslân’ en de oare kear hear dat fan sa’n frommeske net sokke skerpe taal ferwachte wurdt, dan sjoch ik nei Obe syn sin.

De himel blau, de sinne klear. It seit my dat no de tiid is. Foar in frisse wyn troch it bûthús.Foar belied dat net inkeld polityk is, mar by elkoar bepraat, bediskuseard en ferbyldzje wurdt troch de mienskip.

No is ek de tiid foar it grutter tinken. Ambisjeus, wy wolle mei in Noarden in blue zone wurde. In blauwe himel sûnder CO2, mar ek in plak der’t de âlderein sûn âld wurde kin. Provinsje Fryslân, mei beweging, sport en sosjale kohesie om dementie en iensumens tsjin te gean.

No is de tiid, om de sinne har wurk dwaan te litten. Enerzjykommissaris Bouwe de Boer wjukken en frijheden te jaan, om mei al dy koöperaasjes écht ympakt te ha. Minsken harren lêsten nei ûnder te bringen. Om Reduzum en oare doarpen it fertrouwen te jaan, mar ek de revenuën fan harren op-bringsten. Dat ha se fertsjinne.

No is de tiid, foar in serieuze fisy op de arbeidsmerk fan de takomst. Wêr’t sjauffeurs fan in SRV-wein yn de kunde komme mei harren talint en banen fan no, wer’t minsken mei in beheining geweldich talintearre binne foar in baan yn de ICT en wêrby at we minsken net wolkom hjitte mei in brief en for-mulier, mar in bak kofje en de sin ‘do bist geskikt foar in baan, we sille mei dy útfine welke’.

No is de tiid, foar in Masterplan Gastfrijheid en toerisme. Wat in reuring, entûsjasme en dúdlike doelgroep ha we yn 2018 wrâldwiid oanlutsen. Dat is goud wurch, en dus moatte we dêr ambisjeus foar gean.

Marijke Roskam Nieuwjaarstoespraak PvdA Fryslân

Het bericht Nieuwjaarstoespraak Marijke Roskam: ‘De himel blau, de sinne klear’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Lânskipsherstel Sintrale As: grutte fertraging en te min jild

PvdA PvdA Friesland 28-11-2018 13:32

OMROP FRYSLÂN – De PvdA yn provinsjale steaten hat noed oer de gebietsûntwikkeling by de Sintrale As, de dyk tusken Dokkum en Nyegea. Der is in grutte fertraging, te min jild en der binne kapasiteitsproblemen by amtners, seit steatelid Douwe Hoogland.

Belofte Kramer: ‘Yn 2019 klear wêze’

Deputearre Johannes Kramer stelt dat de provinsje in soad realisearre hat, mar dat it ek ôfhinklik is fan de meiwurking fan eigeners fan de grûn. Kramer erkent de soarch oer it lânskipsplan. Ek it ferrin fan de amtners mei in soad kunde is in probleem, sa tinkt Kramer. Neffens him is it wol sa dat de gebietsûntwikkeling yn 2019 sa goed as klear wêze sil. Saken dy’t langer trochrinne, moatte no goed regele wurde, seit Kramer.

By de gebietsûntwikkeling om de Sintrale As hinne binne ûnder mear fyts-, kuier- en ruterpaden oanlein. Ek is natuer oanlein, lykas de foar de regio kenmerkjende ikesingels.

Douwe Hoogland vraagt tijdens het #vragenuurtje opheldering over de vertraging van landschapsherstel en gebiedsontwikkeling @centraleas. “Wy ha beloften dien en ôfspraken makke, dy hearre wy nei te kommen.” #PvdA @PSFryslan #CentraleAs #SintraleAs pic.twitter.com/WBKQ40m7k8

— PvdA Fryslân (@pvdafryslan) November 28, 2018

Het bericht Lânskipsherstel Sintrale As: grutte fertraging en te min jild verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Ronald McDonald Huis fan grutte wearde famyljes fan sike bern yn Fryslân

PvdA PvdA Friesland 06-11-2018 08:51

OMROP FRYSLÂN – De PvdA-Steatefraksje stelt fragen oan Deputearre Steaten oer it sluten fan it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert. De partij giet spesifyk yn op de rol fan de provinsje by it yn stân hâlden fan in foarsjenning foar langduorjende oernachtings foar famyljes fan sike bern yn Fryslân. Yn it bysûnder dy fan fjouwer Waadeilannen.

Fan 1 novimber 2018 ôf hat it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert de doarren sletten. De oanfragen foar oernachtings binne de ôfrûne fjouwer jier mei de helte ôfnaam en de ferwachtings binne dat de oanfragen de kommende jierren allinnich mar minder wurde. Mei it sluten fan it hûs hat elk sintrumsikenhûs yn it lân in Ronald McDonaldhûs útsein Ljouwert.

De PvdA fynt dat it MCL in hiel wichtige foarsjenning is foar Fryslân. It MCL biedt mar in beheind oantal opsjes foar rooming in. Ien fan de âlders kin op de berneôfdieling by it bern sliepe. Dy mooglikheid is der sels noch net foar de kûveuzeôfdieling. Fierder beskikt it MCL oer in beheind oantal famyljekeamers, yn totaal fiif stik. It MCL beslist oft it gebrûk derfan needsaaklik is.

Fyftich euro de nacht

De partij fynt ek dat de koartingsregel foar hotels yn Ljouwert net altyd in útkomst biedt. Dy koartingsregeling hâldt yn dat der likernôch de fyftich euro de nacht betelle wurde moat foar in oernachting. Foar in langduorjend ferbliuw is dit gjin oplossing, skriuwt de PvdA.

De PvdA wol witte oft de provinsje op de hichte wie fan de sluting fan it Ronald McDonald Huis. Derneist wolle se witte of der mooglikheden binne om finansjele regelingen te treffen foar oernachtingen, yn it bysûnder foar famyljes fan sike bern fan de Waadeilannen.

Het bericht Ronald McDonald Huis fan grutte wearde famyljes fan sike bern yn Fryslân verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslân.

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.