Nieuws van politieke partijen in Friesland inzichtelijk

12 documenten

It ferhaal fan Anita Andriesen Ășt 2006

PvdA PvdA Friesland 12-07-2020 08:03

BĂȘste lezer,

Anita Andriesen hat as polityk gesicht fan de Fryske Partij van de Arbeid  (‘Anita foar FryslĂąn’) in breed draachflak Ă»ntwikkele foar har ‘Dream foar FryslĂąn’. In dream dy’t har fyzje foar FryslĂąn op wei nei 2030 oanjoech.  Sy ynspirearre dĂȘrmei in soad minsken en bĂ»n ek minsken oan har.

Doe’t Anita’s yn desimber 2008 ferstoarn wie, seagen wy it as Ășs opdracht mei in jierlikse lĂȘzing Anita har tinken en ynspiraasje fierder ynhĂąld te jaan.

Ek foar dit jier hiene wy in moaie sprekker dy’t prima paste yn in tinken fan Anita. We hawwe it fan alle kanten besjoen, mar de kans dat it fanwegen de korona-krisis ĂŽfsein wurde moat, dat wy mei tefolle minsken op elkoar sitte soene, hat Ășs derta brocht om de Anita –lĂȘzing foar it jier 2020 net trochgean te litten. Wy hoopje dat it takom jier wer kin.

Om it net Ă»ngemurken foarby gean te litten, stjoere wy jimme it ferhaal fan Anita Ășt 2006 ta.

Om yn it Ă»nthĂąld te bringen: de lĂȘzings wiene: 2009 Hans Konst   – oer De Takomst fan it PlattelĂąn 2010 Jetta Klijnsma – oer Samen Sociaal en Solidair 2011 Rudy Rabbinge – oer De wereldpositie van de Friese Landbouw 2013 Lutz Jacobi en Tjerk Voigt – oer de Wadden 2014 Monika Sie Dhian Ho, direkteur WBS – oer Piketty en het Van Waarde project. 2015 Ton Heerts, foarsitter FNV –  oer Bezuinigen ter versterking van de export? 2016 MariĂ«t Hamer, foarsitter SER – oer Een Fatsoenlijk bestaan. 2017 in sprekker dy’t net opdaagjen kaam. 2018 Jan Douwe van der Ploeg  – oer De kwaliteit fan de lĂąnbou 2019 Theunis Piersma  – oer De kwaliteit fan de natoer.

It bestjoer fan de Stichting Anita foar FryslĂąn, Fimke Hijlkema, foarsitter Bertus Mulder, skriuwer Hans Konst, ponghĂąlder Joop van den Berg, bestjoerslid

 

 

Het bericht It ferhaal fan Anita Andriesen Ășt 2006 verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

Anita Andriesen Lezing 2019: ‘De kwaliteit fan de natoer’ door Theunis Piersma

PvdA PvdA Friesland 27-08-2019 08:07

Anita Andriesen ontwikkelde als politiek gezicht van de Friese Partij van de Arbeid een breed draagvlak met haar ‘Dream foar Fryslñn’. Een droom die haar visie voor Fryslñn op weg naar 2030 aangaf. Ze inspireerde daarmee veel mensen en verbond ook mensen aan haar.

Na Anita’s overlijden zagen we het als onze opdracht een Stichting op te richten om met een jaarlijkse lezing Anita’s inspiratie voort te zetten en uit te diepen. Het doet ons veel plezier dat Theunis Piersma dit jaar de lezing zal houden, met als onderwerp: De kwaliteit fan de natoer.

Theunis Piersma Ploeg is fan 15 juny 1958, berne te Himmelum. Hy promovearre yn 1994 oan de Ryksuniversiteit yn Grins op de kanoet. Hy is biolooch, sĂ»nt 2003 heechlearaar dierekology en sĂ»nt 2012 heechlearaar trekfĂ»gelekology yn Grins. Hy hat spesjale oandacht foar greidefĂ»gels en it Waad, en omt hy oandacht freget at syn studsjeobjekten nei de bliksem gean, wurdt hy ek natuurbeskermer neamt. Ûnder syn lieding waard Ă»ndersyk dien nei de betsjutting fan reade wjirmen foar de kwaliteit fan it gerslĂąn.

Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast Ă»ndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him ‘WĂȘr bliuwe Ășs sweltsjes winterdeis, Theunis’. Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe’t se libje en wĂȘr’t se bliuwe. Piersma ferstiet de keunst om syn wittenskiplik ynsjoch oer te bringen oan in breed publyk sĂ»nder de kwaliteit te koart te dwaan. Syn boek Sweltsjes fan Gaast is it earste boek yn syn memmetaal. No’t mear as 95% fan de sweltsjes Ășt Ășs lĂąn ferdwĂ»n binne, en sels de minister fan lĂąnbou ta wol op in ‘circulaire landbouw’ om dĂȘr wat oan te dwaan, is der mear oandacht foar de kwaliteit fan de natoer. Hjiroer sil de lĂȘzing gean.

Datum: Vrijdag 6 september 2019 Plaats: Restaurant De Zwarte Haan, Nieuwe Bildtdijk 428, 9079 PG Sint Jacobiparochie Tijd: 19.30 uur bij het Anita Andriesen gedenkteken op de Zeedijk; 20.00 uur de lezing in het restaurant. Het restaurant is vanaf 17.00 open.

De Stichting Anita foar FryslĂąn,

Fimke Hijlkema, foarsitter Bertus Mulder, skriuwer Hans Konst, ponghĂąlder Joop van den Berg, lid

Wij hebben als stichting in de afgelopen jaren de lezing kunnen verzorgen omdat we een aantal trouwe donateurs hebben en hadden, maar het potje dreigt wat krap te worden. Daarom vragen we jullie om ons (liefst jaarlijks) te steunen, en om een donatie over te maken op ons rekeningnummer: NL15 RABO 0146 4379 69 t.n.v Anita foar Fryslùn, Joure.

Het bericht Anita Andriesen Lezing 2019: ‘De kwaliteit fan de natoer’ door Theunis Piersma verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

Energieneutraal provinciehuis: ‘Net Ăștgean fan ego, mar eco’

PvdA PvdA Friesland 27-05-2019 08:59

De PvdA vindt het een goede zaak dat de provincie FryslĂąn als organisatie energieneutraal wil worden. “Lit mar sjen dat we echt feroaring wolle”, zei woordvoerder Marijke Roskam in haar eerste toespraak in de Statenzaal. Ze riep het provinciebestuur wel op tempo te maken en het belang van besparing te benadrukken. “At we yn 2025 al enerzjyneutraal wĂȘze wolle, kinne je mar better as de bliksem soargje dat je ferbrĂ»k minder wurdt. It gedrach en de kultuer yn de organisaasje binne tige wichtich om de meter echt nei Ă»nder te krijen.”

Pionieren

De provincie heeft een voorbeeldfunctie op het gebied van duurzaamheid vindt de PvdA. “Wy moatte net Ăștgean wolle fan ego, mar eco”, zei Roskam die vindt dat de provincie een pionierende overheid moet zijn. Tijdens het debat reageerde ze scherp op de ambtelijke conclusie dat er geen ruimte genoeg is voor zonnepanelen op het provinciehuis. “Der moat kreativer en ynnovativer neitocht wurde oer de tapassing fan sinne-enerzjy, bygelyks sinnesellen yn de ruten.”

‘Oaren helpe’

Het goede voorbeeld geven gaat volgens de PvdA verder dan zelf energieneutraal worden. Het gaat volgens Roskam ook over het denken in mogelijkheden en ondersteunen van lokale duurzame initiatieven. “Wy fine it wichtich dat we as provinsje FryslĂąn sjen litte dat we oaren helpe wolle yn it setten fan griene stappen. Tal fan organisaasjes, enerzjykoöperaasjes, mar ek gesinnen yn FryslĂąn wolle stappen sette om duorsume enerzjy op te wekken.”

Het bericht Energieneutraal provinciehuis: ‘Net Ăștgean fan ego, mar eco’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stñnbyld”

PvdA PvdA Friesland 15-03-2019 15:05

OMROP FRYSLÂN – Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlĂ»ker fan in dielnimmende partij de kĂąns om him of har foar te stellen. Hjoed is Marijke Roskam, listlĂ»ker fan PvdA, oan bar.

Namme: Marijke Roskam Leeftiid: 36 Wenplak: Koarnwert Berop: deifoarsitter en kommunikaasje-adviseur Hobby: boartsje mei myn soan Partij: PvdA Besjoch it partijprogramma fan de PvdA

Marijke, sizze wy do of jo?

“Do.”

WĂȘrom bisto listlĂ»ker wurden? WĂȘr kinsto it ferskil meitsje?

“Om’t ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op FryslĂąn. De boarger dy’t it ferskil meitsje wol foar har of syn doarp of wyk, dy moat de romte krije fan de provinsje.”

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wĂȘrom?

“Alle frijwilligers dy’t harren ynsette foar in bettere wrĂąld. Sy fertsjinje in stĂąnbyld.”

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

“Dan nimme we ferantwurdlikhyd foar grutte opjeftes, yn stee fan foarĂșt skowe. En, we pakke mear soargen oan fan minsken. GenĂŽch wenten foar jong en Ăąld, minsken mei in krappe beurs dy’t ek meidwaan kinne mei enerzjybesparjende maatregels.”

Ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op FryslĂąn.

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ĂŽfskaft wurde.

“Sjoch ris om dy hinne. Litst Ășs natuer, taal en mienskip oer oan in noardlik lĂąnsdiel? De gemeenten ha it al smoardrok mei grutte taken, hielendal nei alle weryndielings en mei de ferantwurdlikheid foar it sosjaal domein. Foar in fyzje op hiel FryslĂąn moatte minsken de tiid ha, dat dogge je der net even by.”

Wurdt dyn partij en/of de kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen? Sa ja, hokker?

“Nee.”

Telefyzjeprogramma’s lykas ‘Zondag met Lubach’ en ‘De wereld draait door’ geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dĂȘr mei om?

“We binne Friezen, hĂš. Nochter. Dat kin Ășs neat skele. Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.”

Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.

Kinst Ășs wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

“Nei twa gleskes wyn kom ik de trep al net mear op. Op neisitsjes fan kongressen of gearkomsten sit ik dĂȘrom altyd oan it wetter. Ik bin in goedkeapen ien, haha.”

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

“Farske skieppetsiis op bĂŽle fan de waarme bakker. Bytsje sĂąlt derop, hearlik. By Ășs pake en beppe in traktaasje en no helje ik it ien kear yn it jier en sjoch ik even nei boppe.”

WĂȘrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

“Omdat ik gjin politikus bin mei in dĂ»belde aginda en plannen foar myn eigen karriĂȘre. Ik doch dit om’t FryslĂąn djip yn myn hert sit en ik it bĂȘste wol foar de Friezen. In sosjaal, betelber, kreatyf en duorsum FryslĂąn. Net stinne, mar stimme!”

Het bericht Marijke Roskam: “Alle frijwilligers fertsjinje in stĂąnbyld” verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

(Nederlanders onder) FryslĂąn set yn ...

Partij voor de Dieren Partij voor de Dieren Friesland 06-03-2019 16:30

(Nederlanders onder) FryslĂąn set yn op in skjinne Waadsee en wiist alle gas- en sĂąltwinning ĂŽf. Gjin sĂąnwinning yn it Iselmar en gjin Ăștwreiding fan LelystĂȘd Airport! - --- --- - - - - --- --- - - --- - - FryslĂąn zet in op een schone Waddenzee en wijst alle gas- en zoutwinning af. Geen zandwinning in het IJsselmeer en geen uitbreiding van Lelystad Airport! Lees of luister ons volledige verkiezingsprogramma hier: https://friesland.partijvoordedieren.nl/verkiezingsprogramma

Vanmiddag was Ons Statenlid Rinie ...

Partij voor de Dieren Partij voor de Dieren PvdA Friesland 03-02-2019 17:04

Vanmiddag was Ons Statenlid Rinie van der Zanden samen met Atze Jan de Vries ( Statenverslaggever Leeuwarder Courant) en Otto van der Galiën ( Partij 058 in de Gemeenteraad van Leeuwarden)te gast aan tafel bij Simone Scheffer van Omrop Fryslùn over de actualiteit van de afgelopen week. Kijk naar het programma dat vanaf 12.00 uur begint. Het gesprek startte pas echt na 18.20 minuten vanaf 12.00 uur. https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/buro-de-vries-fan-3-febrewaris-2019-1100

‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’

PvdA PvdA Friesland 20-12-2018 11:03

De PvdA is blij met het feit dat de provincie op het Burgumer Mar een passende plek heeft gevonden voor een proef met snelvaren. Statenlid Roel de Jong deed daarvoor in april dit jaar, samen met de FNP, een oproep. “Wy ha it kolleezje frege yn Noardeast Fryslñn in gaadlike lokaasje te sykjen dy’t ynrjochte wurde kin as hurdfarplak.” De komende twee jaar is op het meer snelvaren toegestaan van 15 juni tot 15 september tussen tien uur ‘s ochtends en zes uur ‘s avonds. Ook wordt onderzoek gedaan naar de effecten van het snelvaren.

Geluidsoverlast

De Jong is „goed te sprekken” over de proef, maar verwacht wel dat de provincie de resultaten meeneemt in de brede watersportvisie die het de komende jaren opstelt. Verder wil de PvdA dat de provincie geluidsoverlast op de juiste manier meet. “Wy binne fan miening dat oerlĂȘst fĂȘststeld wurde moat foar minsken dy’t bĂ»tendoar yn’e tĂșn sitte”, aldus De Jong. “It oerlĂȘst kin hjir net bassearre wurde op it lĂ»d yn in wending.”

“Oer it ynrjochtsjen fan de proef mei hurdfarren hawwe wy noch wol noed oer de wize werop de lĂ»dsoerlĂȘst en de natuereffecten fĂȘststels wurde”, zegt Roel de Jong. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/đŸŒčhttps://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/đŸš€ #PvdA #geluid #natuur #snelvaren

— PvdA Fryslñn (@pvdafryslan) December 19, 2018

Natuurverstoring

Verder vroeg de PvdA om uitbereiding van de natuurtoets. “Wetternatoer wurdt hielendal bĂ»ten beskĂŽging litten”, verklaart De Jong. Er worden doelen meegewogen uit de Kaderrichtlijn Water, maar die natuurwaarden komen vaak pas na jaren tot uiting. De Jong deed het voorstel om het onderzoek naar de effecten van snelvaren op de natuur te verbreden en verstoringsgevoelige soorten toe te voegen.

“Wy binne fan miening dat lĂ»dsoerlĂȘst fĂȘststeld wurde moat foar minsken dy’t bĂ»tendoar yn ’e tĂșn sitte.” Roel de Jong vindt dat bij #snelvaren op Burgumur Mar andere geluidsnormen horen te gelden: niet binnenshuis maar buiten meten. https://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/đŸŒčhttps://friesland.pvda.nl/nieuws/goed-te-sprekken-oer-proef-hurdfarren-burgumer-mar/đŸš€ #PvdA #geluid

— PvdA Fryslñn (@pvdafryslan) December 19, 2018

Het bericht ‘Goed te sprekken oer proef hurdfarren Burgumer Mar’ verscheen eerst op Partij van de Arbeid Fryslñn.

PvdA-listlĂ»ker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lĂșsterje nei de minsken”

PvdA PvdA Friesland 18-12-2018 08:41

OMROP FRYSLÂN – PvdA-listlĂ»ker Marijke Roskam tinkt dat se ek sĂ»nder politike Ă»nderfining de partij fierder helpe kin. “Ik stap de polityk yn omdat FryslĂąn djip yn myn hert sit”, sei se moandei yn It Polytburo by Omrop FryslĂąn. Roskam (37) waard sneon ferkeazen ta listlĂ»ker fan har partij foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier. Boppedat tinkt Roskam dat se genĂŽch Ă»nderfining opdien hat yn oar wurk. Se hat yn de sjoernalistyk wurke en as deifoarsitter. “DĂȘrfoar dĂ»k ik yn allerhande dossiers dĂȘr’t se har ek yn de Steaten dwaande mei hĂąlde.” En dus fynt se harsels beslist gjin amateur.

https://friesland.pvda.nl/nieuws/pvda-listluker-roskam-politisy-meie-wolris-wat-better-lusterje-nei-de-minsken/

It fak past har wol, tinkt se: “Je moatte goed lĂșsterje kinne. Ik tink dat politisy wol wat better lĂșsterje meie nei de minsken. Fierder moatte je goed fragen stelle kinne, dĂȘr bin ik ek al jierrenlang goed yn. En je moatte allegear Ă»nderwerpen je eigen meitsje: by in boer op it hiem stean, it Ă»nderwiis, de soarch.”

Opkomme foar de minsken

Roskam wol mei har partij opkomme foar de minsken dy’t it net meisitten hat. “We komme op foar minsken dy’t wolris pech ha en foar minsken dy’t graach dingen dwaan wolle. Yn dit jier ha we mei Kulturele HaadstĂȘd in soad mooglik makke foar minsken dy’t wat dwaan woene yn har doarp of wyk.” Se heart net by de elite, fynt se. “Ik stean net foar in ‘betutteljend’ fingerke. Ik kin sĂĄ genietsje fan minsken dy’t der wat fan meitsje wolle. DĂȘr rekkenje ik mysels ek Ă»nder.”

Har partij hat it de ĂŽfrĂ»ne ferkiezingen faak net goed dien. Yn FryslĂąn sit de partij dizze perioade foar it earst net yn it kolleezje fan Deputearre Steaten, mar yn de opposysje. Roskam wol mei har partij no wer gean foar in rol yn it bestjoer. “Yn Ășs programma stiet dat we minsken fierder bringe dy’t wat wolle: boeren, Ă»ndernimmers, minsken yn de wiken en doarpen. Dat moat mei banen.”

Kultuer hat ynfloed op fĂȘstigingsklimaat

Benaud dat banen Ășt FryslĂąn ferdwine, is Roskam net. “Minsken witte FryslĂąn te finen. De kultuer hat in hiel grutte ynfloed op it fĂȘstigingsklimaat. Minsken ha net mear it idee datst hjir neat kinst. In goed fĂȘstigingsklimaat helpt hiel bot, mar ek dat we minsken helpe wolle. As je net de geskikte oplieding ha of as je thĂșs sitte, dan moatte je holpen wurde. DĂȘr is myn partij foar. Der sitte genĂŽch minsken thĂșs dy’t fan alles kinne. We freegje de minsken wat har talint is. Net oft se har sollisitaasjebrief wol ferstjoerd ha.”

Hiel tefreden oer it hjoeddeistige kolleezje is Roskam net. “De minsken sizze ek: se ha op de winkel past. Net mear, net minder.” De PvdA hat de ĂŽfrĂ»ne jierren dus yn de opposysje sitten en dĂȘryn wie de partij net altyd hiel sichtber. “Opposysje fiere is ek lestich as de koĂ€lysje net iepen stiet en net sa Ă»ntfanklik is foar kommentaar of nije ideeĂ«n”, seit Roskam.

Roskam giet foar tolve sitten

As de PvdA yn de kommende perioade wol yn it kolleezje komt, dan slĂșt Roskam net Ășt dat se deputearre wurdt. “Ik stean der iepen foar. Mar ik moat earst mar sjen hoe’t ik it de kommende moannen doch.” Roskam hopet op tolve sitten by de Steateferkiezingen. Har partij hat no sĂąn. “Mar we moatte in goed kampanje fiere. As it giet om mienskip, wurk, natuer en as minsken wat wolle, dan binne wy har partij.”

De Provinsjale Steateferkiezingen binne op woansdei 20 maart.

Het bericht PvdA-listlĂ»ker Roskam: “Politisy meie wolris wat better lĂșsterje nei de minsken” verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

PvdA kriget stipe fan Feriene Lofts by ferkiezings

PvdA PvdA Friesland 06-11-2018 08:36

OMROP FRYSLÂN – Politike partij Feriene Lofts docht net mei oan de steateferkiezings yn maart 2019. Yn stee dĂȘrfan slĂșt de partij him oan by de kampanje fan de PvdA yn FryslĂąn. Foarsitter Addy Stoker seit dat de leden fan Feriene Lofts wurdearring hawwe foar de manier wĂȘrop’t de PvdA de ĂŽfrĂ»ne fjouwer jier wurke hat yn provinsjale steaten. DĂȘrnjonken wol Feriene Lofts in fiere fersnippering op links foarkomme.

Feriene Lofts is in partij dy’t oprjochte waard troch SP-ers dy’t it net iens wiene mei it lanlike SP-bestjoer om net mei te dwaan oan gemeenteriedsferkiezings yn SĂșdwest-FryslĂąn. De partij hat folksfertsjintwurdigers hĂąn yn provinsjale steaten en yn de gemeenterieden fan Ljouwert en SĂșdwest-FryslĂąn. Op dit stuit is de partij nearne fertsjintwurdige.

 

Het bericht PvdA kriget stipe fan Feriene Lofts by ferkiezings verscheen eerst op Partij van de Arbeid FryslĂąn.

CDA-lieder Buma fynt Holwert oan See 'moai plan'

CDA CDA Friesland 03-11-2018 12:14

CDA-partijlieder Sybrand Buma fierde freedtejĂ»n yn Dokkum oardel oere kampanje foar de weryndielingsferkiezings fan Noardeast-FryslĂąn op 21 novimber. Buma begĂ»n mei in kop snert yn it CDA-kampanjekafee yn de binnenstĂȘd, mar gie oanslutend ek de dyk op om te folderjen en mei potinsjele kiezers te praten. Sybrand van Haersma Buma Buma toande bysĂ»ndere belangstelling foar it projekt Holwert oan See, dat it doarp Holwert en de Waadsee wer mei-inoar ferbine moat. "In moai plan. Gean dĂȘr fral mei troch", sei er tsjin in delegaasje Holwerters. Dy binne drok oan it lobbyen omdat Holwert hopet om stipe te krijen Ășt de 'regio-enveloppes' mei jild foar regionale Ă»ntwikkeling fan minister Schouten. 60 miljoen euro "Ik heb de voorstellen voor Noardeast-FryslĂąn gezien en die zien er goed uit", sei Buma. It is de ferwachting dat minister Carola Schouten noch dit kalinderjier bekendmakket hokker projekten sa'n 'regio-enveloppe' krije. Holwert oan See soe dy stipe goed brĂ»ke kinne. De earste faze fan it projekt kostet 60 miljoen euro en dat jild is der noch net.It CDA hĂąldt sneon partijkongres yn Grins. Dat kongres stiet yn it teken fan de weryndielingsferkiezings. Dy binne hiel wichtich foar it CDA, want de partij docht it net geweldich yn de lanlike peilingen. Yn Noardeast-FryslĂąn tidiget Buma op in goeie Ăștslach. "It CDA is hjir noch in echte folkspartij, mei minsken yn alle doarpen. It is mei de polityk krekt sa as mei de AlvestĂȘdetocht; as je Dokkum helle hawwe, dan komt it goed." Wiis mei it plattelĂąn Mei de besites oan FryslĂąn en GrinslĂąn wol it CDA en Ă»nderstreekje dat de partij wiis is mei it plattelĂąn. "In sommige delen van Nederland is het soms wel erg druk. De rust en ruimte hier is erg waardevol." Buma is ek fan betinken dat NederlĂąn wat 'goed te meitsjen' hat yn GrinslĂąn en sil him dĂȘr sneon oer Ăștsprekke.Bron:https://www.omropfryslan.nl/nijs/847614-cda-lieder-buma-fynt-holwert-oan-see-moai-plan

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.