Nieuws van politieke partijen in Dantumadiel inzichtelijk

7 documenten

Eigen skuld, dikke bult...?

CDA CDA Dantumadiel 18-06-2020 07:23

Wat is nog normaal en,wa docht nog “gewoan” yn dizze tiid?. As ik sa om mij hinne sjoch en hear, dan tink ik; wa is him- of harsels nog. Yn ús lân ha wij it measte wol goed foarelkoar, it ûnbrekt de measten fan ús oan neat en,dat ha wij mei syn allen toch mar knap dien,wier as net! Dus neat oan de hân foar safier. Mar oh hea, dan stekt der samar ynienen in stoarm oer ús op, Corona. En ja,it sil jo of de famylje mar oerkomme, siik reitsje,faaks ek nog troch in oar, of nog slimmer,jo matte it leven der by litte! Neat minder as in ramp! Sa sprekke guon fan ús ûndernimmers ek fan in ramp mar dan ha we it oer jild. Wat fernúvert mij dan; De grutsten,dy’t oars neat fan in oerheid ha matte,steane foaroan om út it rip (ruif) fan de oerheid te iten. De lytse ûndernimmer en de minima ha it soms swier te ferduorjen mar komme hast net boppe it lûd fan de oare út!.Dérom,lit we soargje dat se net fersûpe en keapje lokaal. Ek is it bûtengewoan dat ús keningshûs no sa populair is. Sels in sjoernalist fan de Volkskrant sei dat hij nei lange jierren fan miening feroare wie. It jout stabiliteit yn ús lân mei al dy populisten om ús hinne sa docht bliken. Hoe sa, fuort mei it Keningshûs? Wér ha wij dizze stoarm no oan te “danken” tinke jo wolris,want ja, froeger “oerkaam” it ús, mar hjoeddrdei wolle wij it hoe- en-wat witte,want wa wit kin we it ergens claime! Guon minsken witte it seker, it is de straf fan God. Oaren sizze, as Hij dan “bistiet”, wérom lit hij dit dan ta en “lost”dit net foar ús op? Eigenaardich sa sei Freek de Jonge, de measten ha Him de doar út dien,[hij sels ek]wij koenen ús séls wol réde yn dit lân, en no,no stekt der in stoarm op en ferdorie,wat dogge we; roppe oft Hij dit ek foar ús oplosse wol! Wa wit docht aanst bliken dat wij sels de oorzaak fan it “probleem” west ha. Dat soe moai wêze, want dan kin we ”it” ek sels oplosse…….! Sietse Hilverda

Oudjaarscolumn: Zij aan zij

CDA CDA VVD Dantumadiel 30-12-2019 18:37

Een oudjaarscolumn van ons eigen raadslid Sietse Hilverda die zoals altijd met een scherpe blik en een lichte knipoog observeert en schrijft. Oudjaarscolumn: Zij aan zij Zij aan zij, oftewol, skouder oan skouder, der wol it CDA foar stean sa lêze wy yn it nije diskusjestik oer de politieke koers foar de kommende jierren. No, dat ha we witten in pear jier lyn: it CDA naam syn ferantwurdlikheid om ús lân te bestjoeren en stapte yn de trein tegearre mei de VVD en G.W. fan de PVV. Toen’t it begûn te knipen, sa as oeral wolris foarkomt, luts Geart oan de needrem en sprong derút, mei in kamera yn’e buert fansels. Hoe sa skouder oan skouder? Tichterby oerkaam it ús ek: de trein wie nog oan it ranzjearjen en doe waarden wy der al útset. It positiefe wie: stel it oerkomt jo op folle snelheid! Ik trof doe in man dy’t tsjin mij sei; Dat bart as minsken yn harsels leauwe, mar dit wurd al even ferrekkene tink, twa keer geel is toch read?! Sels hie ik der noait oan tocht, de man oerfoel mij dermei! Sa sjoch jo mar, it is yn it politieke libben net folle oars as yn ús deistich libben. Stelt immen syn eigen belang boppe dat fan de mienskip of fan de oare helte yn in relaasje, no dan triuwe jo dy dochs út it nest. As ”penning sechtjin” dan ek nog om’e hoeke komt, no dan witte jo it wol. De notaris hie it smoardrok, sels op sneon oan it wurk. Boppedat, froeger waard der nog wolris in berop dien op ”wize mannen” om it spul wer op de rails te krijen, mar wer fine jo dy noch, wa hat noch oansjen? Mar no de positive kant fan dit epistel: Neffens de minsken dy’t der ferstân fan hawwe komt it hieltyd faker foar dat minsken nei in tiid fan ôfkouljen en besinning (of is it miskien it wekker wurden út in dream) de ”beste vrienden worden”. Foar de wissichheid ha ik myn frou ek noch mar even hifke; mar nee, nei de notaris wie net oan’e oarder, it like har better om “lekker te lunchen”, oars koe it wolris “lynchen” wurde. Dêrom skouder oan skouder it nije jier yn, dêr moat we foar gean, mar as it bargebiten bliuwt, sa sei ús Mem altiid (en se hie ûnderfining) dan mat it mar út wêze! Foar elkenien; in goed 2020 en folle Lok en Seine! Sietse Hilverda Reageren? shilverda@dantumadiel.frl

ChristenUnieEuropese petitie tegen ...

ChristenUnie ChristenUnie SGP VVD Dantumadiel 03-05-2019 07:49

20 maart Ferkiesings Provinsjale Steaten

CDA CDA Dantumadiel 02-03-2019 20:59

Der komme wer ferkiezings oan. Op 20 maart 2019 meie wy stimme foar de Provinsjale Steaten. Ik bin ferkiesber. Ik bin der grutsk op dat ik foar it CDA op plak 6 stean mei. Minsken sprekke my der wolris op oan. “Hoe kinst it mei alles iens wêze wêr’t it CDA yn mei giet?” Ik kin jim út dy dream helje. Ik bin it net ALTYD mei alles iens. Binnen de partij wurdt der echt net oer alles itselfde tocht. Stânpunten wurde ynnommen, mar binne ek wolris in kompromis. Dát wat de mearderheid fynt, wurdt beslúten. Sa wurket it by dizze demokratyske partij. En at je yn in koalysje sitte (mei oare partijen gearwurkje) wurdt der noch faker in kompromis sletten. Wêrom fiel ik my dan dochs thús by it CDA? Omdat it CDA útgiet fan fêste wearden. Dan giet it om minsken, minsklik gelok, weardichheid, feiligens, mar ek om soarch foar elkoar, respekt foar elkoar en mienskipssin. Net ien libbet foar himsels, dat sprekt my oan by it CDA. De Provinsjale Steaten nimme foaral beslúten oer dyn omjouwing. As melkfeehâlder wit ik hoe belangryk minsken harren eigen omjouwing fine. De earste fraach is eins altyd ‘at wy de kij wol bûten ha’, minsken fine dat moai. De romte fan Fryslân giet oer mienskip, foar elkoar. Us wenplak, it bûtengebiet, in sirkulêre ekonomy, berikberens, kulturele eveneminten, it wurket en libbet allinnich at minsken har ynsette. As in mienskip. Dêr past in oerheid by, dy’t minsken ferantwurdlikheid jout en stimulearret, mar ek dúdlik en betrouber is. Ik sis gjin gouden bergen ta, mar wol my sa ynsette foar de mienskip fan Fryslân. Goed foar elkoar. Ik bin Attje Meekma en ik bin ferkiesber foar de Provinsjale Steaten op 20 maart 2019 – CDA nûmer 6

'Sko ris oan' by it kolleezje fan ...

ChristenUnie ChristenUnie Dantumadiel 06-11-2018 12:09

'Sko ris oan' by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders! Hjoed yn doarpshûs De Pipegeal yn Broeksterwâld

Lijsttrekker CDA loopt stage in zorgcentrum en op basisschool

CDA CDA Dantumadiel 17-03-2018 13:44

Van taart snijden en afwassen tot vragen beantwoorden over wat een raadslid nou eigenlijk doet. Lijsttrekker Jan Jitse Visser van CDA Dantumadiel ging de afgelopen weken op stage bij de dagverzorging van zorgcentrum Brugchelencamp in De Westereen en op zijn “oude” basisschool De Wel in Broeksterwâld. De ouderen in zorgcentrum Brugchelencamp waren voorbereid op het bezoek en voor enkelen was het reden om “de sneinske klean” aan te trekken. Toen lijsttrekker Jan Jitse Visser binnenkwam, was het ijs snel gebroken met een praatje, een grapje en al snel werden banden ontdekt tussen Jan Jitse zijn pake’s en beppe’s en de aanwezige ouderen. Voor de mensen die de dagverzorging bezoeken is het een aangename afwisseling. Het zorgt ervoor dat ze de dag niet alleen op hun kamer hoeven door te brengen. Maar Visser moest deze ochtend ook gewoon als stagiair aan het werk: de mouwen opstropen en taart snijden, koffie schenken en afwassen. Hij kreeg veel respect voor de manier waarop één medewerker de groep van circa twaalf ouderen wist te begeleiden. Jan Jitse Visser liep vervolgens een middag stage op CBS De Wel in Broeksterwâld, zijn “oude” basisschool. Hier mocht hij over lokale politiek vertellen aan groep 7 en 8. Met hulp van een digi-bord kregen de kinderen uitleg wat een burgemeester doet, waar de gemeente over gaat en hoe gemeenteraadszetels worden verdeeld. Daarna werden de kinderen van De Wel zelf even gemeenteraadslid en mochten € 100,- verdelen aan iets leuks. Enige voorwaarde was dat ze het aan de rest van de klas – de andere gemeenteraadsleden – konden uitleggen. De meerderheid moest het een goed idee vinden. Met deze stages hoopt lijsttrekker Jan Jitse Visser een nog beter inzicht te krijgen in wat er leeft in de mienskip en hoe mensen in hun eigen werkveld zich elke dag weer inzetten voor zorg, onderwijs, werk, samenleving en de leefomgeving. CDA Dantumadiel probeert met deze stages ‘tichtby de minsken’ te staan

Op besite by Bakkerij Van Eck

CDA CDA Dantumadiel 10-02-2018 09:12

Sneontemoarn 3 febrewaris hienen wy as CDA-ers it foarrjocht om by Bakkerij van Eck yn Damwâld achter de “skermen” te sjen! En fansels, it rûken en priuwen heart der ek by! It famyljebedriuw hat in skiednis fan mear as hûndert jier oan’e Foarwei. Anneke van Eck hat ùs, nei in rûnlieding troch de bakkerij en winkel, bypraet oer it “reilen en zeilen” yn it bedriuw. Se runt de bakkerij mei har man Piet Feenstra. Sûnt koarten ha se ek in winkel oan’e Lytse Oosterstrjitte yn Ljouwert en dan moat der hiel wat wurk ferset wurde troch de bakkers. Der wurd neist de ferkeap yn’e winkel ek noch oan Soarch-ynstellings en supermerken levere, dus dan moat moarns om sawn oere it sùteljen begjinne! Ien fan’e bakkers, Femme Haakma, wie oanwèzich. Hy liet ùs it hiele (bak)proces sjen. Om te kommen ta in ambachtelik produkt, sa as bôle, brea, gebak en oare luxe produkten moat d’r hiel wat gebeure. De kofje mei gebak brocht ùs nei de hùskeamer en dan komt fansels” âlles op tafel”. Dat is tagelyk ek it doel fan ùs besites; wat “leeft” der by it bedriuw of de ferieniging! Dan giet it oer: - de relaasje mei de gemeente Dantumadiel- kin it bedriuw noch foarùt op de besteande lokaasje- hoe komt it mei de ynrjochting fan it Mounetille-terrein- wat kin wy dwaan om nog mear fakminsken op te liedenen net ûnbelangryk, moatte wy ùs frije snein ek noch opjaan? By Bakkerij van Eck bin se noch bliid mei harren “rèstdei”! Al mei al in prachtbedriuw! Mei tank oan Anneke en personiel!

Zie je content die volgens jou niet op deze site hoort? Check onze disclaimer.